EK judo is foar Tornike Tsjakadoea allinnich slagge mei gouden medalje

Tornike Tsjakadoea wol tongersdei op it Europeesk kampioenskip judo foar it earst yn syn karriêre in medalje helje op in EK. En eins mei dat mar ien kleur hawwe. De Ljouwerter is allinnich foar in gouden medalje ôfreizge nei Praag yn Tsjechië. It EK is it twadde judotoernoai foar Tsjakadoea sûnt de útbraak fan de coronakrisis yn maart.
© Omrop Fryslân
In oantal wiken lyn die Tsjakadoea mei oan de Grand Slam yn it Hongaarske Boedapest. Dat wie syn earste wedstriid sûnt acht moannen. "Dat was een heel gek gevoel. Met al die regeltjes had ik ook niet echt een toernooigevoel."

Wedstriidritme

Suksesfol wie dat toernoai net foar him; hy waard al yn de twadde ronde útskeakele. Mar, dêr is in ferklearring foar: "Ik moet het hebben van mijn ritme en daarvoor heb ik toernooien nodig, qua wedstrijdgevoel en scherpte. Ik ben nu fit en heb even een toernooi nodig gehad om het gevoel terug te krijgen. Het is goed dat dat voor het EK was. Ik voel me best wel goed."
Sportferslachjouwer Andor Faber sjocht mei Tornike Tsjakadoea foarút op it EK
It EK is foar Tsjakadoea in bysûnder toernoai, want hy helle noch net earder in medalje op in titeltoernoai as it EK of WK. "Dat maakt het voor mezelf extra belangrijk."
Neist dat it in Europeesk kampioenskip is en dêrmei sawiesa wichtich, sjocht Tsjakadoea ek nei de Olympyske Spelen. Op it EK binne der punten te fertsjinjen, wêrmei't er op de Spelen in maklikere lotting krije kin. "Hoe meer punten je haalt, hoe hoger je komt op de ranking. Als je bij de top 8 staat, is de loting iets makkelijker, omdat dat uit elkaar wordt gehaald. Ik wil geplaatst zijn, dat is beter voor de loting. Dat is de volgende stap."
Tornike Tsjakadoea yn aksje op de training © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Fansels kin ek de judowrâld net om it coronafirus hinne. Sterker noch: dizze wike waard dúdlik dat judoka Henk Grol posityf test is. Hy traint mei de Nederlânske ploech en dêr sit Tsjakadoea ek by. "We trainen allemaal in één hal. Je merkt wel dat het steeds dichterbij komt. Ik heb geen contact met Henk Grol, maar de zwaardere gasten trainen wel volop met Henk. Dat is wel een risico."

Tweintich kear test

Tsjakadoea is de lêste tiid al in kear as tweintich test. Foar it EK is er yn Nederlân test, yn Praag wurdt er op 'e nij test en dat sil as er werom komt yn Nederlân wer barre.
Der is yn Praag ek amper bewegingsfrijheid foar de judoka's. "Je mag niet uit je kamer, alleen als je een luchtje wilt scheppen buiten of naar de hal gaat. Je mag niet naar de lobby. Daar moet je ook weer op anticiperen. Je moet je eigen voeding en drinken regelen en meenemen, want je kan daar niet naar de supermarkt of een restaurant gaan. Dat is wel even wennen. Het is een andere manier van naar een wedstrijd toe leven."

Goud

Tongersdei komt Tsjakadoea yn aksje op it EK yn syn kategory ûnder de sechtich kilo. Op de ranking foar dit toernoai stiet de 24-jierrige judoka as fiifde en dus heart er by de medaljekandidaten. Mar, wannear is syn EK slagge? "Als ik kampioen ben en alleen als ik die gouden medaille om heb."

Noch in Fries

Tornike Tsjakadoea is net de iennige Fries op dit Europeeske kampioenskip judo. Sneon komt Natascha Ausma yn aksje yn de klasse oant 78 kilogram op it toernoai yn it Tsjechyske Praag. Freed sjogge we op ús webside en yn de app foarút nei de kânsen fan de judoka fan Lippenhuzen, dy't in oantal wiken lyn noch brûns wûn op de Grand Slam yn Boedapest.