Ynrinhuzen kankersintrum De Skulp yn finansjele noed troch corona
De Skulp, it Fryske sintrum foar it libjen mei kanker, hat it swier troch de coronakrisis. Neffens De Skulp hawwe in soad saneamde ynrinhuzen fan IPSO (Instellingen PsychoSociale Oncologie) it dreech. Gewoanwei komt in grut part fan de ynkomsten foar dizze SkulpCafé's út de KWF Samenloop voor Hoop, mar dit kuierevenemint giet dit jier fanwegen it coronafirus net troch.

De ynrinhuzen fan De Skulp krije no folle minder jild. De Skulp hat op dit stuit ynrinhuzen yn Drachten en op It Hearrenfean, mar der komme takom jier ek huzen yn Snits en Ljouwert. "Het inloophuis is een onmisbare plek voor mensen die te maken hebben met kanker. Daar waar het in het ziekenhuis draait om het fysieke herstel, zorgt het inloophuis voor de emotionele nazorg. Het is een plek om thuis te komen, een verhaal te delen en een luisterend oor te vinden," sa skriuwt de organisaasje.
Aksje
Om de SkulpCafé's te helpen, wurdt der yn 'e mande mei it KWF en IPSO in aksje organisearre. Sa wurde der mûlkapkes makke mei it logo fan De Skulp der op, om sa jild yn te sammeljen.
Ali Andringa fan De Skulp