Nij stroef asfalt foar 'ûngeloksrotonde' Dokkum

De glêde rotonde oan de Woudweg yn Dokkum is tiisdei flink ûnder hannen naam. De folsleine asfaltlaach fan de rotonde is ferfongen, nei't foarige moanne rebûlje ûntstie oer de glêde dyk. Meardere fytsers giene by wiet waar ûnderút op de rotonde.
Yn de polityk waard it punt direkt oppakt en de gemeente Noardeast-Fryslân hat dêrop opdracht jûn oan in oannimmer om de asfaltlaach oan te pakken. Projektlieder Willem Dijkstra: "De gladheid van het wegdek had te maken met de steenslag die in het asfaltmengsel zat." Yn it âlde asfalt sieten stientsjes dy't by wriuwing troch it ferkear fluch ôfsliten wienen, dêrtroch waard de rotonde benammen nei in reinbui glêd.
Dijkstra: "Dit nieuwe mengsel bevat een steenslag met een hoger wrijvingsgetal." Dat betsjut dat de stiennen minder fluch slite, wannear't bannen oer it weidek wriuwe. Ferantwurdlik wethâlder Theo Berends wie bliid mei de nije deklaach: "We zijn niet voor de goedkoopste optie gegaan, maar wel voor de duurzaamste."
Wethâlder Theo Berends
Projektlieder Willem Dijkstra