Roozemond nei dramatyske ûntslachronde Hearrenfean: "We zijn er nog niet"

Foar de kamera fan Omrop Fryslân reagearre direkteur Cees Roozemond op de ûntslaggen by SC Hearrenfean. Tsien banen geane ferlern, no't de finansjele situaasje troch de coronakrisis slimmer wurden is.
Sjoch hjir nei Cees Roozemond.
Hearrenfean
Hearrenfean hat it ôfrûne jier al op ferskate mêden besunige. Snije yn it personielsbestân wie ûnûntkomber, seit de klup. Direksje, spilers en meiwurkers ha ek al lean ynlevere.