CU: gau jild nei Noard-Nederlân as kompensaasje fuortfallen gaswinning

It kabinet moat gau dúdlikheid jaan oer it jild út it Europeeske Just Transition Fund, fynt de ChristenUnie. In grut part fan it jild út dat fûns moat nei Noard-Nederlân wat de partij oanbelanget. Se wolle dat de mooglik 'hûnderten miljoenen' nei de enerzjytransysje en griene wetterstofekonomy moatte.
© Omrop Fryslân
"Decennialang hebben we geprofiteerd van de gaswinning in het Noorden", seit Keamerlid Carla Dik-Faber. Dan giet it foar in grut part om it grutte Grinslanner gasfjild, mar ek om tsientallen lytsere gasfjilden yn ûnder oare Fryslân. "Het kabinet is nu aan zet om de Noordelijke provincies nieuw perspectief te geven nadat ze keer op keer de klappen hebben moeten opvangen."
De trije Noardlike provinsjes fregen earder dit jier om hûnderten miljoenen as kompensaasje foar it fuortfallen fan de gaswinning. Der ferdwine sa'n 20.000 banen trochdat de gaswinning stilfalt. De ChristenUnie spruts al earder út dat de partij dat in goed plan fynt. Fraksjefoarsitter Gert-Jan Segers rôp it kabinet by de Algemiene Beskôgingen al op om in grut part fan it fûns te ynvestearjen yn Noard-Nederlân.

Jild yn wurkgelegenheid

No wol de partij rap aksje fan it kabinet. "De gevolgen van de gaswinning zijn ongekend groot", seit it Grinslanner CU-Keamerlid Stieneke van der Graaf. Se wol dat it jild stutsen wurdt yn wurkgelegenheid en de enerzjytransysje.