Restaurant yn Aldwâld oandien troch stipe út de buert

Edwin en Elisabeth van der Werf, eigeners fan Restaurant Lauwersland yn Aldwâld, ha in soad positive reaksjes en stipe út de regio krigen. Fanwegen de coronamaatregels drige it restaurant fallyt te gean, mar troch in soad bestellingen en jild út in crowdfundingsaksje kinne se wer efkes foarút.
© Shutterstock.com
Eigener Edwin van der Werf wie ûnder de yndruk fan alle stipe út de omjouwing. "De saamhorigheid is geweldich. We ha sitten te gûlen by tafel doe't we donaasjes krigen, dat minsken sa mei ús meilibje."
Op it parkearterrein mei 100 parkearplakken binne se in 'burger-drive-thru' begûn. Dat rint hiel goed. It is net genôch, hellest net de omset fan oars."
Restauranthâlder Edwin van der Werf