Oanbod fysioterapypraktiken ferskilt sterk de gemeente yn Fryslân

Fryslân hat gemiddeld sjoen folle minder fysioterapypraktiken as de rest fan it lân. Foar eltse 10.000 ynwenners binne der yn Fryslân 6,3 fysioterapypraktiken, tsjinoer 6,6 lanlik. Wol ferskilt it oanbod sterk de gemeente. Dat docht bliken út ûndersyk fan fersekerder Independer, dy't data fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) analysearre.
© Independer
Yn ferhâlding ta it oantal ynwenners binne de minste fysioterapypraktiken yn de gemeente Harns: 1.9. De gemeente stiet dêrmei op nûmer 3 yn de lanlike top tsien fan gemeenten mei de minste fysioterapypraktiken.
Ek yn Weststellingwerf liket der net in soad oanbod mei 3,9 praktiken de 10.000 ynwenners.

Measte praktiken op Flylân

De grutste útsjitter yn Fryslân is Flylân, mei 17,3 praktiken. De gemeente stiet op nûmer 2 yn de lanlike top tsien fan gemeenten mei de measte fysioterapypraktiken.
Op nûmer fjouwer yn dyselde top tsien stiet Amelân (13,5). Ek Skiermûntseach hat in relatyf grut oanbod (10,6).

Oanbod Fryslân relatyf leech

Fryslân telt relatyf sjoen in leech oantal fysioterapypraktiken. Foar eltse 10.000 ynwenners binne der 6,3 praktiken yn de provinsje. Dit oantal leit leger as it lanlike gemiddelde fan 6,6 praktiken de 10.000 ynwenners.

Oantal fysioterapypraktiken de gemeente

Gemeente Oantal fysioterapypraktiken
Achtkarspelen 8,6
It Amelân 13,5
Dantumadiel 5,8
Eaststellingwerf 3,9
Flylân 17,3
De Fryske Marren 5,6
Harns 1,9
Hearrenfean 9,7
Ljouwert 6,9
Noardeast-Fryslân 4,4
Opsterlân 5
Skiermûntseach 10,6
Skylge 8,2
Smellingerlân 6,6
Súdwest-Fryslân 6,3
Tytsjerksteradiel 5,6
Waadhoeke 6,5
Weststellingwerf 3,9
De minste fysio's binne te finen yn Gelderlân (5,9). Minsken mei lichaamlike klachten hawwe de measte kar yn Limboarch, mei 7,8 praktiken.

Net yn basisfersekering

Der binne neffens Independer in soad misferstannen oer fysioterapy. Sa witte in soad minsken net dat fysioterapy net ûnder de basisfersekering falt en dat se meast sels betelje moatte as se dêrfoar gjin oanfoljende fersekering hawwe. Der wol in útsûndering foar minsken mei bepaalde groanyske oandwanings.