Sinteklaas komt wól yn de provinsje, mar de stêden bliuwe leech en kâld
Sinteklaas komt sneontemiddei wer oan yn Nederlân. Wêr't hy en de piten krekt mei de stoomboat nei ta farre is geheim: fanwegen it coronafirus mei der gjin publyk by wêze. It advys is: folgje de oankomst foar de telefyzje. Dat jildt net allinne foar de lanlike yntocht, mar ek foar lokale yntochten.
Sinteklaas Snits Frjentsjer
Yn Frjentsjer is de yntocht fan Sinteklaas digitaal te folgjen yn in ôflevering fan Sinterklaasnieuws. Foar Theo Smit fan Stichting Sinterklaas Intocht Franeker is it hiel ûnwerklik. "It fielt frjemd. Gewoanwei binne wy drok dwaande mei alle tariedingen, mei it opbouwen yn de stêd en de lêste puntsjes op de i. No is it leech en kâld. Dat fielt nuver. It is rêstich yn de stêd, oars as yn oare jierren."
Yntocht Frjentsjer digitaal
Mar de stichting hat de skouders der net by hingje litten. "Wy hawwe in digitale yntocht yntrodusearre. Dat is al frij gau yn gong set. Wy hawwe al in earste filmke online set, en sneontemiddei folget in twadde." Fan 13.30 is de twadde ôflevering fan it Sinterklaasnieuws te sjen op de webside en fia de Facebook-side. "Sinteklaas komt wol oan yn Frjentsjer," ferklapt Smit. "Mar der binne wol wat problemen, it giet net fansels."
Kreativiteit
Fierder is der foar de hiele Sinteklaasperioade ek in speurtocht troch de stêd opset en op de skoallen binne ek noch wat aktiviteiten. "Wy hawwe der wat leuks fan makke tink ik. Hoopje ik," seit Smit. "Je moatte wol efkes oars neitinke. Mar it hellet ek wol wer kreativiteit nei boppen by de minsken. Hoe graach je it ek oars wolle, je moatte je der mar in bytsje by deljaan. It is net oars."

Theo Smit fan Stichting Sinterklaas Intocht Franeker
Sinteklaasaksje Snits
Ek yn Snits is it in deade boel op it plak dêr't oars Sinteklaas oankomt. "It is net itselde, mar je kinne de bern ek net oerslaan. Want dy ha fansels sin oan it Sinteklaasfeest. Dat wy it no sa ynfolje is wol wer leuk. It is wol oars, mar wol in leuke ynfolling," seit Bauke de Jong fan de organisaasje yntocht Sinteklaas. Syn maat Douwe Rijpkema seit: "Der giet neat boppe in echte yntocht. Benammen yn Snits, want der komme dochs sa'n 40.000 minsken op ôf. Goed foar Snits, goed foar de middenstân. Dat misse wy no."
Jan Gerbrand Krol is binnenstêdmanager fan Snits. "We hebben nu wel gezorgd dat we op tijd de kerstverlichting hebben aangebracht en de winkeliers zorgen ervoor dat de etalages aangekleed worden met Sinterklaas. Er hangen ook allerlei Sinterklaasposters. We hebben een Sinterklaasactie opgezet, want we hopen dat mensen lokaal hun aankopen doen in deze periode. Mensen maken kans op prijzen. Dus we proberen er wel wat aan te doen. Niks doen is geen optie, Sinterklaas hoort bij Sneek," sa fynt er.
Ferslachjouwer Onno Falkena praat mei de organisaasje yntocht Sinteklaas
