Achtkarspelen besuniget op pleatslike belangen; 'leefberheid komt yn 'e knipe'
De subsydzjes foar Sosjaal Kultureel Wurk (SKW) yn Achtkarspelen ferfalle mei yngong fan 2022. Ek de ferieningen fan pleatslik belang krije mei yngong fan dat jier gjin direkte bydrage mear fan de gemeente.

De FNP-fraksje besocht om de subsydzjes yn stân te hâlden, mar sy krigen net genôch stipe yn de ried. Allinnich de PvdA gong mei de FNP mei.
Alderhande aktiviteiten yn de knipe
SKW en de pleatslike belangen brûke it jild fan de gemeente foar alderhande aktiviteiten yn de doarpen. Dan giet it om de sinteklaasyntochten, bernedisko's en de 'wandelvierdaagse'. Achtkarspelen wol dat de doarpen sokke eveneminten no sels oppakke.
De FNP fynt it skrassen fan de subsydzjes 'ferskriklik' foar alle frijwilligers dy't in soad tiid en enerzjy stekke yn de aktiviteiten. De leefberheid yn de doarpen komt no yn 'e knipe, seit de partij.
Toeristebelesting
De ried fan Achtkarspelen besleat tongersdei ek om toeristebelesting yn te fieren. Dy giet yn 2022 yn. De FNP, PvdA en PVV wiene it der net mei iens, omdat de sektor yn ûntwikkeling is yn de gemeente. Boppedat smyt it hast neat op, fine de trije partijen.