Twa fertochten oanhâlden foar belutsenens methlab Wânswert

De plysje hat twa fertochten oanhâlden foar belutsenens by in grut drugslab dat begjin dit jier oprôle waard yn Wânswert. It giet om in 47-jierrige Amsterdammer en in 64-jierrige man fan Almere. Sy wiene nei alle gedachten ek belutsen by in drugslab dat oantroffen waard yn Lucaswoude yn Grinslân.
© Plysje
De plysje die op 13 febrewaris fan dit jier in ynfal yn de pleats yn Wânswert, dy't yn byld kaam nei tips. It gie om in aktyf lab yn in buorkerij achterôf, dêr't nei alle gedachten methamphetamine (crystal meth) produsearre waard.
Dêrneist waard der noch in lab yn oanbou ûntdutsen. Ek trof de plysje in grutte hoemannichte einprodukt fan in syntetyske drug oan. It giet nei alle gedachten om crystal meth mei in strjitwearde fan sa'n 4 miljoen euro. Der waard gjinien oanhâlden.

Ynfal Lucaswolde

By in ynfal yn in pân yn Lucaswolde yn Grinslân op 27 oktober trof de plysje ek in drugslab oan. Dêrby binne fjouwer fertochten oanhâlden. It giet om manlju út Amsterdam, Almere en de gemeente Westerkwartier. Ut ûndersyk docht bliken dat twa fan de fertochten (de 47-jierrige Amsterdammer en de 64-jierrige man fan Almere) ek belutsen wêze soene by it drugslab yn Wânswert.

Fertochten langer fêst

De riedkeamer fan de rjochtbank yn Ljouwert hat besletten alle fjouwer fertochten foar 90 dagen langer yn foararrest te hâlden.
De twa manlju dy't belutsen wêze soene by it drugslab yn Wânswert wurde neist it meipleegjen fan it meitsjen fan crystal meth yn Lucaswolde en Wânswert ek fertocht fan tarissingshannelings foar it meitsjen dêrfan, om't yn Wânswert in wurkjend lab én in lab yn oanbou oantroffen waard.