Kustwacht stjoert no ek skippen fan 100 meter oer noardlike rûte by min waar

De Kustwacht warskôget mei yngong fan tongersdei mear kontenerskippen om mei min waar net de súdlike farrûte boppe de Waadeilannen te nimmen. Sûnt oktober 2019 jilde de advizen fan de Kustwacht foar kontenerskippen fan langer as 300 meter, mar no ek foar skippen dy't langer binne as 100 meter.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
De skippen krije it advys om de súdlike rûte te mijen as de waarsomstannichheden soargje foar hegere risiko's op it ferlies fan konteners. Dêr ha de Onderzoeksraad voor Veiligheid en maritym ynstitút MARIN ûndersyk nei dien, nei oanlieding fan de kontenerramp mei de MSC Zoe.
De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 ferlear it 342 konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.
Edwin Granneman fan de Kustwacht
Minister Van Nieuwenhuizen hat earder oan de Twadde Keamer witte litten dat se sjen woe nei in útwreiding fan it advys. Hoe't dat der yn de praktyk krekt útsjen moast, moast noch útwurke wurde.

Advys, gjin ferplichting

It nije advys betsjut dat kontenerskippen fan langer as 200 meter it advys krije om de noardlike farrûte te nimmen, as de weagen heger binne as 4,5 meter. As se by Teksel farre, krije se dy oprop ek fan de Kustwacht. Op dat plak kinne skippen nammentlik kieze tusken de twa rûtes. It bliuwt by in advys oan de kapitein, want de Kustwacht hat gjin macht om de skippen in kant op te twingen. De kapitein is net ferplicht om it advys op te folgjen.
Dat se it advys krije om de noardlike rûte te nimmen, is fanwege de kâns dat se de boaiem reitsje. Dêrnjonken is der it 'grienwettereffekt': seewetter dat tsjin de konteners oankomt, dy't dêrtroch mooglik oerboard falle.

Te min kapasiteit foar oprop lytsere skippen

Skippen fan tusken de 100 en 200 meter wurde advisearre om de noardlike rûte te nimmen as de weagen 3,3 meter of heger binne op de Noardsee. Sy krije by Teksel gjin aparte oprop fan de Kustwacht, want dêrfoar hat de ynstânsje gjin kapasiteit.
It advys jildt allinnich fan skippen dy't yn eastlike rjochting farre, dus fan Noard-Hollân nei Dútslân. It is noch net mooglik om ek skippen datselde advys te jaan as se út Dútslân wei komme. Dêrfoar moat it ministearje earst ôfspraken meitsje mei de ynstânsjes yn Dútslân en Denemarken.
Dit gong mis mei de MSC Zoe:
MARIN