Sikehûzen kinne sjen nei wer opskalen reguliere soarch: "Beetje licht aan de horizon"

De sikehûzen yn Noard-Nederlân kinne stadichoan wer sjen nei it opskalen fan de reguliere soarch. It tal coronabesmettingen yn de Noardlike trije provinsjes rint al in skoftke werom. Dêrtroch binne der minder ferpleechbêden beset mei coronapasjinten.
Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean oan de Thialfweg © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Guon sikehûzen ha de helte fan de planbere operaasjes ôfsein. De soarch dy't oant no ta ôfskaald is, giet om net-kritike soarch. Soarch dy't binnen seis wiken wiken nedich is, koe altyd al trochgean.
It weromrinnen fan it tal coronabesmettings is noch net fan ynfloed op it tal pasjinten op de intensive care. De kapasiteit dy't dêrfoar nedich is, rint noch net werom. Der wurde noch in soad pasjinten oerbrocht út oare regio's. Dêrfoar hâldt Noard-Nederlân ek kapasiteit.

Flagge noch net út

Neffens Frits Mostert fan it MCL yn Ljouwert is it noch fierstente betiid om de flagge út te hingjen. "Zover is het nog lang niet. We zien dat het aantal besmettingen in heel Nederland en ook in Fryslân wat lijkt af te vlakken. Zeker ten opzichte van wat we een goede twee weken terug zagen."
Mostert: "Er zit altijd een na-ijleffect in van het aantal patiënten dat in het ziekenhuis terechtkomt, maar gelukkig zien we in de ziekenhuizen dat het aantal patiënten op een coronabed wat terugloopt. En dat geeft wel een beetje licht aan de horizon, wat ons betreft."
Wurdfierder Frits Mostert fan sikehûs MCL yn Ljouwert