Gemeenten Harns en Waadhoeke starte pilot mei 'enerzjycoaches'

De gemeenten Harns en Waadhoeke starte elts in pilot mei enerzjycoaches om ynwenners bewust te meitsjen op it enerzjygebrûk yn hûs. Dêrneist jouwe de coaches bespartips. Op dy wize kin der enerzjy en jild besparre wurde. Doel fan de pilot is om te learen hoe't enerzjycoaches it bêste ynset wurde kinne.
© Shutterstock
Dizze winter kinne 40 húshâldens út Harns en 40 húshâldens út Sint-Jabik en Tsjom yn Waadhoeke besite krije fan in enerzjycoach, dy't harren advys jout. Dêrneist krije sy in pakket mei besparprodukten, dy't tegearre mei de enerzjycoach yn 'e hûs ynstallearre wurde. Nei in skoftke komt de coach wer del om te sjen hoe't it giet.
De coaches wurde oplaat troch de Hanzehogeschool Groningen en bestean út frijwilligers, sosjaal wurkers fan wolwêzenorganisaasje De Skûle Welzijn en in profesjonele enerzjycoach.

Oanpak

De opbringst fan de pilot moat liede ta in oanpak foar de regio noardwest-Fryslân, sadat mear húshâldens aanst holpen wurde mei it ferleegjen fan harren enerzjyferbrûk. De pilot wurket ek ta nei in keppeling mei it earder sinjalearjen fan skuldeproblematyk, partisipaasje en it fersterkjen fan de sosjale ynklúzje yn de doarpen.
It is de bedoeling dat de oanpak nei de pilot opskaald wurdt, sadat mear ynwenners mei in lytse beurs profitearje kinne fan enerzjybesparring. Dielname oan de pilot is fergees.
De pilot is in inisjatyf fan de gemeenten Harns en Waadhoeke en wurdt mei mooglik makke troch De Bouwvereniging, De Skûle Welzijn, gebietsteams Harns en Waadhoeke, enerzjykoöperaasje TOER (Tzummer Organisatie voor Energie in de Regio), Hanzehogeschool Groningen en de provinsje Fryslân.