Buertkuolkasten foar minderbedielden: 'Ast iten nedich hast, kinst it meinimme'

Ast by Grand Café Z troch de ruten sjochst, kinst ien fan de trije buertkuolkasten stean sjen. It binne kuolkasten dy't elk yn de mienskip brûke kin om iten achter te litten foar in oar of om sels wat út mei te nimmen. Se binne ûnderdiel fan in projekt fan Buurvrouw en Buurvrouw, dy't ek de buertbus opset hawwe. It idee is dat elts dy't it nedich hat, by ien fan de kuolkasten terjochte kin.
Buertkuolkasten foar minderbedielden
Esmeralda de Vries, ien fan de inisjatyfnimmers fan Buurvrouw & Buurvrouw Bus, fertelt dat der fan alles yn de kuolkast set wurdt. "Je weet het nooit, wat er in zit. Het is altijd een verrassing." Se seit dat er sa no dan in taart yn sit, mar soms ek hielendal neat. Neist it iten yn de kuolkast, lizze boppe-op de kuolkast ek mûlkapkes. "Die zijn ook gemaakt, die mag je meenemen. Zo is het de bedoeling, dat je een beetje deelt. Dat je geeft en neemt."

Mienskip sit yn eltsenien

Mei it projekt fan de Buurvrouw & Buurvrouw Bu, kaam De Vries ta it ynsjoch dat minsken graach inoar helpe wolle. "Dat stukje menselijkheid dat wij 'mienskip' noemen, zit over de hele wereld in elk mens." Se seit dat eins elts wol helpe wol om honger en earmoed te ferhelpen. "Toen dachten we aan het concept van de bibliotheekkastjes. Dat zijn nu voedselkastjes, koelkasten, geworden."
It is de bedoeling dat minsken der sels wat yn dogge. "Het is niet een verplichting dat je brengt én haalt. Als je iets over hebt of iets wilt delen, dan breng je, en als je denkt ik heb iets nodig, dan kun je iets halen. Ook al breng je iets en neem je niets mee terug, je neemt toch een heel goed gevoel mee naar huis."
© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Ferslachjouwer Jantine Weidenaar mei Esmeralda de Vries fan de buertkuolkast
Doe't Haise Bosma fan Grand Café Z oer it plan fan de buertkuolkast hearde, fûn hy it daliks in goed idee. "Ik fûn it direkt sa'n moai idee dat ik sei: set hjir mar sa'n kuolkast del. Ik koe my hielendal fine yn it ideaal byld dat se foar eagen hienen." De kuolkast stiet no ûngefear in moanne yn it kafee, en neffens Bosma wurdt der geregeld gebrûk fan makke.

Bydrage oan fitaliteit

Dat de hoareka op it stuit ticht is, betsjut net dat de kuolkast net brûkt wurde kin. It gebou is noch altyd op wykdagen iepen, sadat minsken de kuolkast brûke kinne.
"Normaal, wannear't wy iepen binne, dan kinne wy der sels ek maklik wat yn sette. Ek no't wy ticht binne, is der noch hieltyd wol beweging", seit Bosma. "Wannear't we iepen binne sette wy der sels ek iten yn. Wy besykje ek te wurkjen mei streekprodukten, dus ek grienten en iten dat wy oer hawwe. Wy wolle ek sels soargje dat der wat iten yn sit dat bydraacht oan fitaliteit."

Hieltyd mear minsken brûke kuolkast

Bosma fertelt dat der hieltyd mear minsken gebrûk meitsje fan de kuolkast. "It begjint no te kommen. Benammen om't er binnen stiet, minsken moatte earst in drompel oer. Op dit momint drippelet it sa no en dan, mar ik hoopje dat minsken dy't net de mooglikheid hawwe om maklik wat te keapjen hjir gebrûk fan komme te meitsjen", sa seit er.
Ferslachjouwer Jantine Weidenaar mei Haise Bosma fan Grand Café Z oer de buertkuolkast