Cambuur ein novimber op in moandeitemiddei foar ynhelwedstriid nei Jong PSV

Sportklup Cambuur spilet moandei 30 novimber om 16:30 oere de ynhelwedstriid tsjin Jong PSV. De wedstriid waard earder dizze moanne skrast, omdat der by de ploech út Eindhoven in soad coronabesmettingen wiene.
Calvin Mac-Intosch makke ferline seizoen it iennige doelpunt © www.orange-pictures.nl
Dat de wedstriid sa'n opmerklik tiidstip krijt, hat te krijgen mei stjoerder FOX Sports. Dy wol safolle mooglik wedstriden live útstjoere, no't der gjin publyk yn it stadion wêze mei.