Kollum: "Skynhillich"
"Yn de Drachtster buert De Wiken stean twa basisskoallen flak by inoar. Op it stuit fan it útstjoeren fan dizze kollum binne de skoalpleinen krekt fol oan it rinnen. Ik tink dat se op it iene skoalplein de bern fan it oare hearre kinne, want der sit mar hûndert meter tusken de twa. De earste is Jenaplanschool De Wiekslag.

De toan fan Botte Jellema
Op harren website ha sy in Schoolplan stean. Under it kopke 'Visie op Mens en Maatschappij' stiet: 'Wij hebben respect voor de medemens, ongeacht geloof, afkomst, geaardheid en geslacht.' In eintsje fierderop oan 'e Dwarswyk stiet Reformatorische Basisschool Eben-Haëzer. Sy ha ek in tekst oer harsels op in website stean, en dat is it Identiteitsprofiel fan de Vereniging voor Gereformeerd Schoolonderwijs. En dit is artikel 7.
'Seksualiteit heeft in de Bijbel te maken met het vormen van een onverbrekelijke verbintenis in een huwelijk tussen één man en één vrouw' wêrby't 'één' folút skreaun is mei accent aigu's op de e's. 'Daarbij zijn de Bijbelse voorschriften bindend voor het seksuele leven.' En dan is it goed om te witten dat earder yn dat stik stiet dat de bibel foar harren hillich is, en dat se 'zonder enige twijfel alles wat daar in staat' leauwe.

Se brûke de Steatefertaling, de fertaling fan 'e bibel út 1635, dy't sa ticht mooglik by de boarne bleau en sûnder ynterpretaasje is. Sa as fan teksten oer hoe't der mei mannen dy't mei mannen binne omgien wurde moat.
'Deze seksuele moraal betekent dat de huwelijksrelatie geëerbiedigd wordt' en dan wat oer dat der gjin seksueel tinte grapkes makke wurde meie, en dan wurdt steld dat 'het monogame huwelijk als door God gegeven vorm van omgang tussen man en vrouw wordt gezien.' It slút ôf mei 'Ook in ons uiterlijk laten wij het in de schepping gelegde onderscheid tussen man en vrouw tot uitdrukking komen.'
It hoecht gjin betooch dat foar lesbiennen, homo's, biseksuelen, transgenders en al dy oare foarmen fan net-cis-gender of heteroseksuele aard hjir op dizze skoalle gjin romte is. De haat spat fan it skerm as ik it lês. Hjir wurde dus bern foarme yn 'e leeftiid fan seis oant in jier as tolve. Hjir is dus gjin respekt foar de meiminske, en wurdt just op basis fan leauwe ortodoks en radikaal oardiele oer aard en geslacht. Hûndert meter fierderop op de Dwarswyk op skoalle sitte, leveret je in totaal oar wrâldbyld op.
Arie Slob, baas fan alle basis- en middelbere skoallen, hat yn in keamerdebat sein dat skoallen homoseksualiteit ôfkarre meie, salang't de skoallen mar soargje foar in feilich learklimaat. Moandei wie der in debat yn 'e Twadde Keamer mei him oer 'lessen burgerschap'. Ofrûne wykein hie deiblêd Trouw in artikel oer hoe't it mei de boargerskipsopdracht fan skoallen sit, en se hiene nijs. Se lieten in jongeman oan it wurd dy't op it Van Lodenstein College sitten hat, middelbere reformatoaryske skoallen yn 'e buert fan Amersfoort.

Hy koe op dy skoalle net út de kast komme, net allinnich om't de sfear der net nei wie; de âlders fan de jonge hiene doetiids in saneamde 'identiteitsverklaring' ûndertekene, en we ha krekt heard wat dêr yn stiet. Net foar neat rekke Slob yn grutte problemen troch syn útspraak: it OM docht sels ûndersyk wat strafber is. It OM mei fan my ek yn Drachten ûndersyk dwaan.
It binne dit soarte fan skoallen dêr't bern fan ôf komme dy't homo's yn inoar traapje. It binne dit soarte fan skoallen dêr't bern fan ôf komme dy't totaal yn 'e knoop reitsje as se derachter komme dat se in oare gender fijn fine foar harrensels. It binne dit soarte fan skoallen dêr't bern fan ôf komme dy't mear as fjouwer kear sa faak as harren leeftiidsgenoatsjes in besykjen dogge harrensels tekoart te dwaan om't se leafde fiele foar immen mei itselde geslacht.

Foar safier't ik wit, is Eben-Haëzer yn Drachten de iennige reformatoaryske skoalle yn Fryslân. De iennige dêr't jonge bern geastlik mishannele wurde en misfoarme reitsje foar de rest fan harren libben. En it moat ophâlde.
It giet hjir oer aktive represje, ûnderdrukking mei in hantekening, oer skynhillige mannen mei in kop fan stiel dy't deadsbenaud binne foar homo's en harren krekt wat te graach bemuoie mei de seksualiteit fan jonge bern, en ik fyn it totaal bespotlik. Se moatte harren de eagen út de harsens skamje en de bern mei rêst litte. Helje jo bern, buorfamke of neefke hjoed noch fan Eben-Haëzer yn Drachten, en bring se nei it skoalplein hûndert meter fierderop. En lit se dêr útgroeie ta leafhawwende minsken, mei respekt foar oaren, wat leauwe, ôfkomst of aard en geslacht ek is."