FIDEO: Alternative fiering fan Sint-Marten yn Wergea

11 Novimber is de dei fan beskermhillige Sint-Marten, en dêr heart by dat bern mei lampionnen by de doarren delgean en ferskes sjonge yn ruil foar wat lekkers. Mei it each op corona is yn Wergea wat oars betocht: in optocht foar de bern oerdei. En jûns gean de folwoeksenen op in karre by de bern del mei snobbersguod.
NOCH FIDEO sint marten
De Veiligheidsregio Fryslân warskôget minsken dat se har mei Sint-Marten ek oan de coronaregels hâlde moatte. Se jouwe ûnder oare it advys om ferpakt snuobbersguod út de dielen.