RIVM: 92 nije coronabesmettingen yn Fryslân, lanlik flinke groei

Der binne de ôfrûne 24 oeren 92 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat binne der tolve mear as op tiisdei, doe wiene it der 80. De 92 besmettingen binne it measte sûnt mear as in wike lyn. De ôfrûne wike skommele it tal nije besmettingen tusken de 75 en 90.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn Súdwest-Fryslân (25). Dêrnei komt Hearrenfean mei 17. Alle oare gemeenten ha sân besmettingen of minder.
Yn Fryslân is it ôfrûne etmiel ien nij stjergefal meld, dat giet om in ynwenner fan Súdwest-Fryslân. Der is ek ien sikehûsopname, dat is ynwenner fan de gemeente Hearrenfean.
Lanlik binne der 5.424 nije besmettingen fêststeld, dat binne 738 mear as tiisdei.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.