Skoallen wurkje oan wolwêzen om learproblemen yn coronakrisis foar te kommen

Middelbere skoallen dogge fan alles om learproblemen yn de coronakrisis te foarkommen. Dêrby spilet it wolwêzen in grutte rol: sit de learling noch wol goed yn syn of har fel.
Skoallen wolle minder kwetsbere learlingen
CSG Bogerman yn Snits wurket gear mei in soarchoanbieder. Dy hat fjouwer dosinten oplaat ta coach, om learlingen sawol fysyk as mentaal sterker te meitsjen. Sa wurdt foarkommen dat de learlingen learproblemen krije. Coaches op skoalle wie al even wenne, mar learlingen komme no dochs foar ekstra stipe, fernimt Jantine de Boer, dosint en coach fan 2-Havo.
"Dan komen ze bijvoorbeeld omdat er ruzie is geweest of er is iets in de privésituatie aan de hand. Of ze hebben even een time-out nodig", seit De Boer. "Ook buiten schooltijd helpen coaches met huiswerk, als dat thuis bij de leerling niet goed lukt."

LEF Fryslân

LEF Fryslân is de soarchoanbieder dy't de ferbining wêze wol tusken skoallen, de gemeenten en learlingen. De ôfrûne wiken binne alle twadde klassen fan Bogerman triand troch coaches. By dit trainingskonsept dogge learlingen njonken mentale oefeningen ek oan kontaktsport. "Sociale weerbaarheid is het aanleren van zelfverdediging, maar het is meer", seit wurdfierder Sarah Storm fan LEF Fryslân.
"Natuurlijk komt fysieke weerbaarheid aan de orde, maar het is nét zo belangrijk om te leren hoe je anderen om hulp kunt vragen als je vastloopt, op een assertieve manier grenzen aan kunt geven of te leren dat je best trots op jezelf mag zijn."

Wolwêzen

Kontaktsport of oardel meter ôfstân: learlingen moatte har goed fiele op skoalle, sa is de gedachte by de middelbere skoallen. It Linde College yn Wolvegea tinkt om it wolwêzen fan learlingen troch de skoalle sa gewoan en feilich mooglik draaie te litten. Fan tiisdei ôf is der in mûlkapkeplicht, want dat heart der neffens rektor Jan Osinga ek by.
"We ha yn de perioade fan heal maart oant begjin juny sjoen hoe wichtich it is dat de skoalle iepen bliuwt foar de learlingen. Elk moat him feilich fiele kinne. Dosinten sawol as learlingen. In 'driuwend' advys slagge net, en no ha we it ferplichte."
Der binne oant no ta noch gjin oanwizingen dat de learlingen efterstân oprûn hawwe op de lesprogramma's.