Stadionspeaker Jouke de Vries ropt om yn leech stadion: "It is kil"

Hy is al 33 jier lang dé stim fan SC Hearrenfean: stadionspeaker Jouke de Vries. Nea earder hat er lykwols yn sa'n nuver, sfearleas Abe Lenstra Stadion syn wurk dien.
Stadionspeaker Jouke de Vries - ferzje 2
Neffens protokol fan fuotbalbûn KNVB bliuwt in stadionspeaker tsjinst dwaan by de fuotbalwedstriden yn it betelle fuotbal. De opstellingen, doelpunten, wiksels en húshâldlike meidielings wurde no lykwols dien foar in hantsjefol minsken.
En dat fielt nuver foar De Vries. "Ferskriklik. It is kil. De sfear is yn bytsje as it waar, in graad as acht", omskriuwt hy it. "Ik tink op guon mominten ek wol: foar wa dogge wy it? Mar goed, it sil him net oan my lizze. As sy it my freegje, bliuw ik speaker."
Stadionspeaker Jouke de Vries © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Foar de spilers en de trainer fan SC Hearrenfean is it lykwols dochs wol noflik dat de speaker troch it stadion galmjen bliuwt. "Jouke heeft een heel herkenbare stem, dus het blijft vertrouwd in het stadion met zijn stem ook zonder het publiek", seit trainer Johnny Jansen.

Ferskillen

Dochs binne der wol ferskillen as De Vries speaker is. "By it ôfkundigjen fan in doelpunt fan de tsjinstanner fertelle wy dat rêstich. By Hearrenfean sette wy wol wat mear oan."
Jouke naam noch yn it âlde stadion fan SC Hearrenfean foar it earst de mikrofoan yn de hannen. Yn 2013 by de derby tsjin SC Cambuur siet de Vries 25 jier yn it fak.