Droege klean foar helden

© Foto Anton Kappers
De twa jonges dy't sneontenacht yn Frjentsjer trije ynsittenden fan in auto út it wetter helle ha, ha hjoed in droech pak krigen. Fan boargemaster Veenstra krigen se in bon foar nije klean.
De twa jonges, Mike Hoekstra en Gregor Boelens, hienen neffens de boargemaster ommers in wiet pak helle mei har heldedied. Yn de nacht fan sneon op snein rêden de freonen trije minsken út in auto dy't op It Noard op 'e kop yn de grêft rekke wie.