Dijkstra Draisma keapet tsien hektare grûn foar tuorreboutprojekt

As it oan Bouwgroep Dijkstra Draisma leit, hâldt de tuorrebout yn de takomst huzen waarm. Sy hawwe tsien hektare grûn njonken Dokkum kocht, dêr't se de plant fan it earste fearnsjier fan 2021 ôf tele sille.
De stâle fan in tuorrebout © Bouwgroep Dijkstra Draaisma
De bougroep kundige begjin dit jier al oan huzen isolearje te wollen mei tuorrebout. Nei in protte tests en ûndersyk set de bougroep de folgjende stap, en giet it sels tuorrebout telen. Hjirfoar hawwe se tsien hektare grûn kocht.
De tuorrebout hat fan nature in isolearjende wurking, om't de stâle fan de plant bestiet út lytse keammerkes mei stilsteande lucht. De struktuer fan de plant en it pluzige diel fan de plant, de sigaar, kin as isolaasjemateriaal brûkt wurde. Dêrneist kin it telen fan tuorrebout de boaiemdelgong yn wiete gebieden tsjingean.
Dijkstra Draisma set begjin 2021 útein mei it telen fan de tuorrebout.
Biense Dijkstra