Erwin Zeinstra flagget yn Boedapest by play-offwedstriid foar EK

Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp stiet tongersdei lâns de line by de wedstriid tusken Hongarije en Yslân, dy't yn de play-offs stride om in ticket foar it Europeesk Kampioenskip fuotbal fan takom jier. Zeinstra is de assistint fan skiedsrjochter Björn Kuipers.
Erwin Zeinstra © www.orange-pictures.nl
Hongarije en Yslân binne twa fan de acht lannen dy't in wedstriid spylje om EK-dielname. It giet om ien wedstriid: wa't tongersdei yn Boedapest wint, pleatst him foar it EK.
It team fan Kuipers en Zeinstra bestiet fierder út assistint Sander van Roekel en fjirde official Serdar Gözübüyük. Hongarije - Yslân begjint tongersdei om 20.45 oere.