NS rydt mei minder treinen, CDA wol witte wat Arriva docht

Ferfierder NS rydt mei yngong fan moandei mei minder treinen, omdat der troch de coronakrisis minder treinreizgers binne. Yn fazen wurdt it tal treinen werombrocht fan 90 prosint fan wat der no rydt. De Steatefraksje fan it CDA wol witte wat it betsjut foar de Fryske reizgers.
De trein nei Ljouwert op jûntiid © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It CDA freget deputearre Fokkens oft it beslút fan de NS ek gefolgen hat foar it trajekt Ljouwert-Zwolle. Dy gefolgen lykje ta te fallen, want Ljouwert-Zwolle stiet net op de list fan de NS mei trajekten dêr't ritten skrast wurde. It spoarbedriuw seit dat op alle trajekten op syn minst twa kear yn it oere in trein rydt. Dat is no ek al sa tusken Zwolle en Ljouwert, dus nei alle gedachten feroaret dêr neat.
De partij wol ek witte oft ferfierder Arriva, dat op alle oare trajekten yn Fryslân it treinferfier fersoarget, fan doel is de tsjinstregeling oan te passen. Earder hat Arriva al ferteld mei minder bussen te riden. Arriva lit yn in reaksje witte foarearst mei de gewoane tsjinstregeling te riden. It kin wol wêze dat de tsjinstregeling letter oanpast wurdt, mar dat is no dus noch net oan de oarder.