EOD en technyske resjerzje ûndersykje eksploazje De Trieme
De eksplosive-oprommingstsjinst EOD fan Definsje docht mei de technyske resjerzje ûndersyk yn in wenning yn De Trieme. Earder op de dei rekke dêr in man ferwûne by in eksploazje.

De wenning is ûntromme. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht. Hy soe ferwûne wêze oan de hân of de earm. Dat meldt de plysje. It is noch net dúdlik wat der krekt eksplodearre is.