Man ferwûne by eksploazje yn De Trieme

By in eksploazje yn in wenning oan de Migchelbrinkwei yn De Trieme is sneintemoarn in man ferwûne rekke. Dat meldt de plysje. Yn de wenning binne bepaalde stoffen en guod oantroffen en dêrom is de EOD ynskeakele.
EOD en technyske rezjerzje ûndersykje eksploazje De Trieme
De EOD is yntusken oankaam yn De Trieme, krekt as de technyske rezjerzje. Dy docht ûndersyk.
Medysk personiel fan de traumahely hat op it plak help ferliend. De man is mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. It hûs is ûntromme.