PODCAST Boekekast #1: 'Old school', in ferhaal fan Hilda Talsma
De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste en koartste dagen hearst yn de podcast Boekekast fan 'Boeken fan Fryslân' en Omrop Fryslân. Acht Fryske skriuwers ha spesjaal in ferhaal skreaun. Yn de earste ôflevering is it ferhaal 'Old school' fan Hilda Talsma te hearren. Karen Bies praat ek mei de skriuwster. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Nynke Heeg.
'Wêrom giet mem net op Tinder?'
Pytsje snijt de waarme appeltaart oan, mar nei de opmerking fan har dochter sjit it mes fan skrik yn har finger. 'Tinder?! Bist net wiis!' Se spielt de finger ôf ûnder de kraan en as se him ôfdrûge hat, plakt se der in pleister op. 'Wat moat in Pytsje fan 68 jier no op Tinder?'
'In man sykje, fansels! De mem fan Linda hat dêr ek ien fûn.'
Ut it ferhaal 'Old School' fan Hilda Talsma.

Hilda Talsma
Hilda Talsma (1971) hat tal fan romans op har namme stean, ek skreau se in berneboek, toanielteksten en se is kollumniste by Omrop Fryslân. It wie de earste kear dat se in ferhaal foar in podcast skreau. "It ferhaal ûntstie trochdat ik wat mei in poezyalbum dwaan woe. Ik ha der sels ek noch ien, dêr't ik noch wolris yn sjoch. It like my moai om dat yn it ferhaal te ferwurkjen."
It ferhaal giet oer de al wat âldere frou Pytsje, dy't har man ferlern hat. De bern meitsje har soargen en wolle har wer oan de man helpe.
Talsma is mei skriuwen begûn om't se ferhalen yn de holle hie. "Ik wit net wêr't dat weikomt. Ik bin sels net in grutte lêzer. Troch skriuwkursussen te folgjen ha ik wat mear selsfertrouwen krigen. De ferhalen sykje my op, krekt as de minsken en de dialogen."
De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân, City of Literature en Omrop Fryslân. Acht wiken lang wurdt sneons in nij ferhaal publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapp en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.