Ek twadde wedstriid op World Cup proai foar Noppert en Van Gerwen
Darters Danny Noppert en Michael van Gerwen hawwe sneontejûn de kwartfinales fan de World Cup of Darts berikt. Yn harren twadde wedstriid op it lannetoernoai yn Eastenryk wûn it Nederlânske duo mei 2-0 fan Spanje.
Oars as yn de earste wedstriid fan freed moasten Noppert en Van Gerwen no úteinsette mei in inkeldwedstriid. Trijefâldich wrâldkampioen Van Gerwen wûn ienfâldich mei 4-0 fan Toni Alcinas; de Jouster hie it dreger tsjin Jesus Noguera: 4-3.
Finales snein
Snein wurdt it toernoai fan de kwartfinales ôf hielendal útspile. Yn de kwartfinales treft team Nederlân de Dútske darters Max Hopp en Gabriel Clemens.
De World Cup of Darts wurdt dit jier yn Salzburg hâlden, yn Eastenryk. Der dogge 32 lannen mei, dy't elk twa spilers leverje. Sy spylje inkeld- en dûbeldpartijen. De regearjend kampioen fan de World Cup is Skotlân, dat ferline jier mei Gary Anderson en Peter Wright de titel pakte.