Omrop TIP: De Fryslân DOK 'Mei it helmhout tusken ús yn'

'Mei it helmhout tusken ús yn' is in rigel út it ferneamde ferske 'Skûtsjesilen is myn nocht'. Eartiids, doe't it skûtsje noch in frachtskip wie, stiene man en frou beide oan it roer. Wêrom ken it SKS skûtsjesilen dan noch hieltyd gjin froulike skippers? Dat is de fraach yn dizze Fryslân DOK.
Yn de ferhalen oer skûtsjes en skûtsjesilen hat de rol fan de frou altyd ûnderbeljochte west. Dokumintêremakker Karen Bies woe yn de Fryslân DOK 'Mei it helmhout tusken ús yn' no ris de frou nei de foargrûn helje. It ferhaal begjint mei har beppe, de no 101-jierrige Henderika Bies-van Dijk. De Grinslânske Henderika troude yn 1939 mei de Fries Johannes Bies. Tegearre wiene sy skûtsjeskipper. Se ferfierden terpgrûn, turf, sân en sûkerbiten. Wat der mar oan fracht wie.
Henderika Bies-van Dijk (101 jier) © Omrop Fryslân
Der wiene yn de earste helte fan de 20e iuw yn Noard-Nederlân noch hûnderten skûtsjeskippers. Man en frou diene it wurk oan board tegearre. It laden en lossen, it silen ûnderweis. Soms moasten se it skip lûke. Man en frou diene dat om bar en ek de bern holpen mei. It skippersechtpear die it wurk tegearre, ek it stjoeren fan it skip.
Bern lûke it skûtsje mei fracht © Fries Film Archief
Yn de Fryslân DOK wurde bylden toand fan âlde films, dêr't it libben eartiids op it skûtsje dúdlik wurdt. Yn de film 'Oud en Arm' út begjin jierren '20 kinst sjen hoe't in laden skûtsje lutsen wurdt, as der gjin mooglikheid wie om te silen. Fierders is der in moaie film út 1946, dêr't Ulbe en Akke Zwaga ûnderweis binne fan Hylpen nei Grou om in wedstriid te silen. Yn dizze film sjochst hoe't Akke faak oan it roer stie.
Akke en Ulbe Zwaga, yn in film fan de NTR út 1946 © Fries Film Archief
It skûtsjesilen simmerdeis, dat al sûnt de 19e iuw dien wurdt, wie in saak fan de manlju. Se koene dêr jildprizen mei winne, en dat kaam goed út yn de stille tiid, as der net folle fracht wie. It húsried, frou en bern kamen op 'e wâl, en de man sylde de wedstriid. De frou soarge foar bêd en brochje, foar it feest nei winst en foar de treast nei ferlies. Net alle skûtsjeskippers fan eartiids woene wedstriidsile, want averij koene se net brûke. It skip wie ommers har breawinning.
Skipper Tjitte Brouwer, begjin jierren '70 © Fries Film Archief
De SKS, de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen, komt fuort út dy âlde skippersfamyljes. Ek no't de SKS 75 jier bestiet is yn dy tradisjonele rolferdieling net folle feroare. Froulju sitte meastal op it folchskip, soms binne se bemanningslid. Mar skipper by de SKS, dat is noch nea slagge. Wannear sil de frou, krekt as eartiids op it frachtskip, ek op in SKS-skûtsje oan it helmhout stean?
Sippy Tigchelaar © Omrop Fryslân
Sippy Tigchelaar hat jierrenlang ferslach dien fan it skûtsjesilen by Omrop Fryslân. Sy is no ferbûn oan de Stichting 'Foar de Neiteam', dy't de histoarje fan skûtsjes en skippers sammelet. Sippy wurket oan in boek oer de rol fan de frou op it skûtsje eartiids. Sy hopet dat de SKS ek froulju stimulearje sil om skipper te wurden. Neffens har wurdt der yn de kommisjes net tocht oan in frou. "It roer moat om", fynt Sippy.
Noa van der Meulen (12 jier) en Froukje Osinga-Meijer © Omrop Fryslân
Froukje Osinga-Meijer lit sjen hoe't it ek kin. Sy sylt al sûnt 2012 as de skipper fan it skûtsje 'Jonge Jasper' yn de IFKS, mei sukses. Yn de Fryslân DOK nimt sy de 12-jierrige Noa van der Meulen mei, dochter fan skipper Klaas van der Meulen fan it Wâldseinder skûtsje.
Fryslân DOK: 'Mei it helmhout tusken ús yn'
Sneon 7 novimber, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 8 novimber 13.10 oere).
Snein 8 novimber, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).