Rebûlje hâldt oan by Frysk hynstestamboek, noch twa bestjoersleden stappe op

Fiif wiken nei it opstappen fan de foarsitter, stappe no opnij twa bestjoersleden op fan it Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek KFPS. Ien fan dy twa is de ferfanger fan de opstapte foarsitter. Der soe in ferskil fan ynsjoch wêze mei de lederied, oer de gearstalling fan de sjuery fan de hynstekeuring.
© Omrop Fryslân
Gerald Pots wie pas fiif wiken foarsitter. Hy wie vice-foarsitter, doe't foarsitter Wiebe Wieling opstapte, fanwege in ferskil fan ynsjoch binnen it bestjoer oer de te folchjen koers. Wieling wie doe noch gjin jier foarsitter. It oare bestjoerslid dat no opstapt is, is Sieneke Mekkes. Sy wie algemien bestjoerslid.
Fuort neidat Wieling opstapte, waard op oantrúnjen fan de lederied fan it stamboek it bestjoer útwreide. Dat barde op in bûtengewoane ledefergadering. Der kamen trije nije bestjoersleden, en letter noch in nije ponghâlder.
De ekstra lederied wie útroppen nei oanlieding fan rebûlje oer de goedkarring fan de hynst Boet 516. Dy soe net foldwaan oan de strange easken fan it KFPS. It keuringssjuery stelde lykwols dat de hynst wol foldie oan de easken en karde him goed. Dat smiet in soad fragen op fan de leden.
Bestjoersleden waard ferwiten dat se dêr net goed oer kommunisearre hiene. Se soenen de goedkarringsrapporten te let publisearre ha. Om it fertrouwen werom te bringen is it bestjoer begjin oktober útwreide nei sân minsken.
It bestjoer wie freedtejûn net berikber foar kommentaar.