Ferrassend goed SC Hearrenfean op folle oarlochssterkte tsjin AZ

SC Hearrenfean is miskien wol dé ferrassing fan it seizoen oan't no ta. De ploech fan Johnny Jansen stiet op it fjirde plak. Dat ha se benammen te tankjen oan it Volendamske duo Veerman en Veerman.
Veerman en Veerman © www.orange-pictures.nl
SC Hearrenfean wist yn de earste sân wedstriden al 16 doelpunten te meitsjen. By 15 doelpunten dêrfan wie op syn minst ien Veerman belutsen. Mei Henk Veerman hat SC Hearrenfean sels de topskoarer fan Nederlân yn 'e hûs. Mei sân doelpunten is hy dwaande mei syn meast produktive earedifyzjeseizoen ea.
Hearrenfean slacht faak ta yn de kounter. Mei flugge spitsen as Nygren, Van Bergen en Henk Veerman is de ploech dealik yn 'e omskeakeling. It is de ferwachting dat AZ it inisjatyf nimme sil en dat kin op foarhân wolris geunstich útpakke.
Snein nimme de Friezen it op tsjin AZ. Dat is in toptsjinstanner, seit trainer Johnny Jansen. "AZ is samen met Ajax de best voetballende ploeg van de eredivisie, dus het wordt een lastige klus."
Sjoch hjir nei de foarbeskôging mei Johnny Jansen.
Johnny Jansen HEEAZ
"Ze spelen goed positiespel van achteruit en ik verwacht dat ze hun dominantie ook tegen ons willen laten zien", seit Jansen. "Maar onze kracht is juist dat we heel compact kunnen spelen en vanuit daar kunnen counteren. Lukt zo'n counter niet, dan moeten we de bal zien vast te houden. Als we dat voormekaar kunnen krijgen, dan gaan we goed meevoetballen."

Fiif ferdigeners

Yn de útwedstriid tsjin Ajax spile Jansen mei in fiifmansferdigening, omdat hy derfan útgie dat de Amsterdammers mear de bal ha soenen. Nettsjinsteande de minne útfiering en it dramatyske risseltaat (5-1 ferlies) sei er nei ôfrin dat er it systeem yn 'e takomst faker brûke wol. It liket logysk om tsjin AZ, neffens Jansen mei Ajax de best fuotbaljende ploech fan Nederlân, dit systeem in twadde kâns te jaan.
"Daar hebben we het wel over gehad, maar we gaan het tegen AZ op onze eigen manier doen. AZ doet het ook net iets anders dan Ajax. Wij verwachten niet dat Benjamin Nygren en Mitchell van Bergen als links- en rechtsback uitkomen. We hopen dat we tegen AZ meer naar voren kunnen voetballen."
Utsein Jan Ras en Arjen van der Heide dy't al langer út de rûlaasje binne, stie der noch in fraachteken efter Rodney Kongolo. De middenfjilder hat in lichte blessuere oprûn op it keunstgers fan Sparta. Mar Jansen ferwachtet dat Kongolo tsjin AZ meidwaan kin.

Trije út trije foar Benjamin Nygren

In jonge dy't de lêste wiken goed yn foarm is, is Benjamin Nygren. De Sweedske fleugeloanfaller stie fanwege de blessuere fan Arjen van der Heide de lêste trije wedstriden yn 'e basis en wie dêryn trije kear trefseker. Syn goeie optredens binne ek yn Sweden opfallen. Nygren krige dizze wike foar de earste kear in útnûging foar de seleksje fan Jong Sweden.
Sjoch hjir nei in petear mei Benjamin Nygren.
Benjamin Nygren
"Ik had er wel op gerekend dat ik een uitnodiging kreeg", seit Nygren. "Het is mijn uiteindelijke doel om geselecteerd te worden voor het A-elftal. Dat hoop binnen een aantal jaren te realiseren."
Sweden fuotballet yn de kommende ynterlânperioade twa kwalifikaasjewedstriden foar it Europeesk Kampioenskip tsjin Armenië en Italië.

Jong Oranje

Freed is de seleksje bekend makke fan Jong Oranje. Opfallend is de ôfwezichheid fan Joey Veerman. De talintfolle middenfjilder is dit seizoen al goed foar twa doelpunten en fjouwer assists, en hy is it kreative brein efter is sukses fan Hearrenfean. Dochs hat bûnscoach Erwin van der Looi him net oproppen.
Hearrenfeantrainer Johnny Jansen oer Joey Veerman:
Johnny Jansen oer net oproppen Veerman foar Jong Oranje
"De concurrentie is op het middenveld erg hevig", seit Jansen. "Het is jammer voor Joey, maar het is zoals het is. Volgens mij is hij ook niet definitief van die lijst geschrapt. De bondscoach heeft gewoon andere keuzes gemaakt. Ik vind dat prima, maar het is jammer voor Joey."
Ferwachte opstelling SC Hearrenfean: Mulder, Floranus, Van Hecke, Bochniewicz, Woudenberg, Kongolo (mei in fraachteken), J. Veerman, Batista Meier, Nygren, H. Veerman en Van Bergen.
De wedstriid is sneintemiddei om 16.45 oere live te folgjen yn it radioprogramma Snein yn Fryslân.