Ried kritysk oer welness-plan

Amelân
Rekreaasje-ûndernimmer Harry Westers hat fan de gemeenteried fan It Amelân noch gjin grien ljocht krigen foar de bou fan in welness-sintrum op it eilân. Westers wol it eardere swimbad Aqua Plaza ombouwe ta kueroard. Ek wol er der hotelkeamers by realisearje, ferdield oer in tal gebouwen.
De gemeenteried fûn moandeitejûn dat dy gebouwen net trije mar mar twa ferdjippingen heech wurde meie. Ek wiene der beswieren tsjin de ferkeap fan in stripe gemeentegrûn, dy't Westers nedich hat foar de bou.
De rekreaasje-ûndernimmer besjocht oft er it plan no noch wol trochsette wol.