Gjin ekstra sitting oer taal plaknammen Waadhoeke

Der komt gjin nije rjochtsaak oer it lyklûken fan de plaknammen yn de gemeente Waadhoeke. Jehannes Elzinga fan Frjentsjer. dy't de saak oanspande, en de gemeente hiene oant ein oktober de tiid om oan te jaan oft se in ekstra sitting woene, mar diene dat net.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Elzinga spande de saak oan om't hy it ûnearlik fynt dat ynwenners fan de eardere gemeenten Menameradiel en Littenseradiel wol Fryske nammen brûke meie en hy as ynwenner fan âld-Frjentsjerteradiel net.
Op 14 july fan dit jier waard de saak behannele yn de rjochtbank fan Ljouwert. De rjochter soe binnen seis wiken útspraak dwaan. Op 21 july makke de rjochtbank lykwols bekend dat der in dokumint ûntbruts. Waadhoeke krige fjouwer wiken de tiid om dit dokumint dochs te leverjen. Dat slagge de gemeente net, mar dy stjoerde wol in juridysk ferwarskrift nei de rjochter.

Net nedich

De rjochter oardiele dêrnei dat der genôch ynformaasje wie om útspraak te dwaan en dat in nije sitting dêrom net nedich is. Dat soe allinnich barre as Elzinga of de gemeente oanjoegen dêr ferlet fan te hawwen. Dêr hiene se oant ein oktober de tiid foar, mar beide partijen makken dêr gjin gebrûk fan.
De termyn fan seis wiken dy't de rjochtbank hat om útspraak te dwaan, is dêrom no pas yngien.