HEA! De teddybearen fan Teunie
Der sitte hiel wat oeren wurk en leafde yn ien bear. Mar dan hast ek wat. Teunie Albers har bearen binne ferneamd yn binnen- en bûtenlân. En jo soene it net ferwachtsje, mar ek manlju boppe de fyftich jier keapje graach in bear. Net foar de bern of pakesizzers, mar foar harrensels.