Ungelok op boerepleats by Gytsjerk
Op it hiem fan in boerepleats by Gytsjerk hat tongersdeitemoarn in ûngelok west. Neffens ien dy't dêrby wie, hat in persoan by it laden en lossen fan in frachtauto wat op him krige.
Trije sike-auto's binne op it plak fan it ûngelok op de Canterlandsewei. Hoe't it slachtoffer deroan ta is, is noch net bekend.