Museum Drachten kin nije tentoanstelling oer Klaas Koopmans net iepenje

Foar Museum Drachten binnen de strangere coronamaatregels wol soer. Sneon 7 novimber soe dêr de nije tentoanstelling Waanzinnig oer Klaas Koopmans iepenje. It plan hjirfoar wie de ôfrûne moannen al hieltyd ôfskaald, mar no hâldt yn Drachten dus alles op. Konservator Annemieke Keizer fynt it in drama, mar hâldt de moed deryn. It museum sil besykje op de webside mei filmkes en oar materiaal it publyk op 'e hichte te hâlden.
Klaas Koopmans tentoanstelling
De titel fan de tentoanstelling Waanzinnig ferwiist nei it libben en it wurk fan de keunstner. Bysûnder wurk en in bysûndere man. De tentoanstelling is nei oanlieding fan it 100e bertejier fan de skilder. Der binne skilderijen en tekeningen te sjen.
© Museum Dr8888

De tentoanstelling

It museum wurke foar de tentoanstelling gear mei Stichting Klaas Koopmans. Dy die oardel jier lyn in oprop oan partikulieren dy't wurk fan de keunstner yn hûs hawwe. Sa kaam der in soad ferjitten wurk oan it ljocht dat ek yn de tentoanstelling te sjen is.
Ek is der in nij boek oer Klaas Koopmans útbrocht, dat sneon oanbean wurde soe, mar fan woansdei ôf yn de boekhannels leit.
Klaas Koopmans © Museum Dr8888

Klaas Koopmans (1920-2006)

Klaas Koopmans wie fan berop hússkilder yn Garyp. Mar al betiid giene syn ambysjes fierder as it skilderjen fan duorren en kezynen. Yn de jierren 50 foarme hy mei fjouwer oare skilders de groep 'Yn 'e line.' Koopmans syn wurk wêryn't de ferve tige oanwêzich is, wurdt wol rekkene ûnder it ekspresjonisme. Mar Koopmans die benammen wat er sels woe.
It skilderjen joech him foldwaning, mar it libben wy somtiden dreech. Koopmans wraksele mei syn psychyske sûnens. Fjouwer kear yn syn libben moast er opnommen wurde yn in ynstellling. As it koe, gie ek dêr it wurk troch. Skilderje koe net, mar hy tekene op al it materiaal dat hy krije koe. Underwerp: syn meipasjinten, it personiel. It libben yn bygelyks Grut Lankum yn Frjentsjer.
Dit wurk is frij unyk, seker yn de tiid wêryn't it makke waard, de jierren 50. Se waarden nasjonaal en ynternasjonaal bekend ûnder de namme 'gestichtstekeningen.' Sy binne opnaam yn de kolleksje fan Museum Drachten.
© Museum Dr8888

Maatskiplike ferbining

Museum Drachten sjocht yn de 'gestichtstekeningen' in kâns ta maatskiplike ferbining. Yn it museum is ek saneamde outsider art te sjen. Wurk fan kliïnten út de psychiatry. De fraach dy't dêrmei nei boppen komt is: hoe sjogge wy hjoed-de-dei nei minsken dy't in psychiatrysk profyl hawwe of wrakselje mei harren mentale sûnens?
Konservator Annemieke Keizer