Wetterskip biedt RIVM oan part fan corona-analyze rioelwetter oer te nimmen

Wetterskip Fryslân hat oanbean in part fan de analyze by it ûndersyk nei it coronafirus yn rioelwetter oer te nimmen fan it RIVM. It Wetterskip is al sûnt it begjin fan de coronakrisis belutsen by it ûndersyk nei it firus yn rioelwetter. Op dit stuit wurdt it rioelwetter yn Fryslân as iennige al twa kear yn de wike ûndersocht op oanwêzigens fan it firus. Yn oare parten fan it lân is dat mar ien kear.
© Shutterstock.com (People Image Studio)
"Wy binne al fan it begjin ôf belutsen by alle lanlike ûndersiken. By it RIVM, mar ek by oare ûndersyksynstellingen. Sy witte dat wy in soad wurkje mei de 'klaarmeesters' op de suveringen, dy nimme de meunsters. Op oare plakken yn it lân is dat ek oars organisearre. Dêrtroch koene wy ek rap opskale nei twa kear yn de wike. Sa kinne wy it goed folgje," seit Hans de Vries, beliedsadviseur by Wetterskip Fryslân op it mêd fan wettersuveringen.
Dêr komt nochris by dat Fryslân in goeie partner is, seit De Vries. "Foar it RIVM binne wy fierder in moai gebiet, mei in soad suveringen oer de hiele provinsje ferspraat. Dus Fryslân is ek foar it RIVM in moaie testcase om te sjen hoe't it firus him oer de provinsje ferspraat hat."
Wetterskip Fryslân is ek mei it RIVM yn petear oft der in part fan de analyze oernaam wurde kin. "Alle meunsters wurde op dit stuit analysearre troch it RIVM. Mar as it mear en mear wurdt, dan is it wol de fraach oft sy it dêr oankinne. Laboratoaria en it Wetterskip hawwe ek it oanbod dien oft sy sels ek in part fan de analyze dwaan kinne. Dêr binne wy oer yn petear."

Hoe komt de pyk op Flylân?

Op it coronadashboard lit Flylân op dit stuit in grutte pyk sjen, mei 4.000 firusdieltsjes op 100.000 ynwenners. Dat is wol tsien kear safolle as it trochsneed yn Fryslân. It is noch wat de fraach hoe't dat krekt kin, jout De Vries oan. "Wy tinke dat it te krijen hat mei de fakânsjetiid, mei de hjerstfakânje. Der wenje 1.200 ynwenners en yn de fakânsje komme der sa'n 5-6.000 besikers by. Der hoege mar in pear tusken te sitten mei corona, dan wurdt it fuortendaalks al sjoen. Dat jout wat in frjemd byld op 1.200 ynwenners fansels. It RIVM lûkt foarearst ek dizze konklúzje."
By oare gebieten liket it tal besmettingen better oerien te kommen. Bygelyks om Wolvegea en Súdwest-Fryslân hinne. De Vries: "Alle suveringen yn Súdwest-Fryslân sitte by de top 10. En dêr stelt de GGD ek in soad besmettingen fêst."

Coronadashboard

Dat it rioelwetter yn de gaten hâlden wurde kin is wol hiel wichtich, seit De Vries. "Mei wat wy yn it rioel oantreffe kinne wy it coronafirus folle earder fine, al wol seis dagen earder as mei testen. It dashboard wurdt no alle dagen oanpast, dus wy kinne it hieltyd better folgje."
Op it coronadashboard fan it regear is tenei mear ynformaasje te finen oer it coronafirus yn it rioelwetter. De sifers binne dúdliker makke: yn stee fan de hoemannichte corona yn eltse millimeter rioelwetter wurdt no sjen litten hoefolle corona der yn it wetter sit omrekkene nei 100.000 ynwenners. Foar eltse Veiligheidsregio kin sjen litte wurde wat de ûntwikkeling is en ek kinne regio's en gemeenten better mei-inoar ferlike wurde.

Mjittingen

Sûnt augustus mjitte it RIVM en de wetterskippen hoefolle firusdieltsjes der yn it rioelwetter sitte. Dêrtroch kin der yn in ier stadium al sjoen wurde oft it firus him ferspraat hat. Der binne no 318 mjitlokaasjes yn it lân. Op hieltyd mear lokaasjes wurdt meardere kearen yn de wike mjitten. Tenei wurdt dizze ynformaasje eltse dei oanpast op it coronadashboard, yn stee fan eltse wike. Op dat coronadashboard jout it regear sifers oer de ûntwikkeling van it coronafirus yn Nederlân, lykas it tal IC-opnamen en testútslaggen.
Hans de Vries fan Wetterskip Fryslân