Justysje easket 20 jier tsjin widdo fan Van Seggeren: "Dit is het enige aannemelijke scenario"

It Iepenbier Ministearje hat tiisdei tweintich jier sel easke yn it heger berop fan de saak tsjin de widdo fan Tjeerd van Seggeren, Jessica B. Neffens it IM is se meiplichtich oan de moard op Van Seggeren. It IM tinkt dat in omke fan B., Uwe D., Van Seggeren om it libben brocht hat. De eask is gelyk oan de straf dy't de rjochtbank ferline jier oplei.
Van Seggeren
De widdo is folslein tarekkenber. Neffens de advokaat-generaal is in lange straf op syn plak. "Tegen beter in houdt ze vol onschuldig te zijn. Dat neem ik haar ernstig kwalijk."

Hantlanger Uwe D.

De advokaat-generaal seit dat der oanwizingen binne dat de widdo in hantlanger hie. Sy binne sjoen troch in tsjûge.
Neffens it IM is dat Uwe D. Yn april kaam in brief binnen dy't skreaun wêze soe troch D., wêryn't hy tajout ferantwurdlik te wêzen foar de dea fan Van Seggeren. Uwe D. ferstoar yn maart fan dit jier.
Fanwegen it swiere letsel fan Van Seggeren, en it ferskil yn postuer tusken Jessica B. en him, is it neffens it IM net mooglik dat de widdo Van Seggeren om it libben brocht hat.
Wol soe Jessica B. direkt by de moard belutsen west ha. "Wie nou precies wat heeft gedaan, is niet van belang. De rol van de verdachte is zo groot dat van medeplegen sprake is", sei de advokaat-generaal.
De widdo soe ek in jildlik foardiel ha by de dea fan Van Seggeren, sa stelt it IM. It pear hie yn 2015 in libbensfersekering ôfsletten fan seishûnderttûzen euro en se soe it jild nedich ha foar har uterlik: "Kleding, make-up en plastische chirurgie."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Dat Uwe D. Van Seggeren om it libben brocht hawwe soe, is in opfallende draai yn de saak, fertelt Omrop Fryslân-ferslachjouwer Auke Zeldenrust. "Dy omke, Uwe D. wie al earder yn byld yn de saak, mar hie doe sein dat er hielendal net yn Fryslân west hat, en syn frou joech in aliby. No seit Iepenbier Ministearje dat dat aliby net kloppet, hy is yn dy bewuste nacht mei de mem fan Jessica nei Fryslân riden, en dat skriuwt hy ek yn de brief dy't opdûkt is."

"Enige aannemelijke scenario"

It Iepenbier Ministearje is oertsjûge dat Uwe D. en Jessica B. tegearre ferantwurdlik binne foar de dea fan Van Seggeren. "Wat ons betreft is dit het enige aannemelijke scenario", seit advocaat-generaal Jan Hoekman. "We hebben een getuige die heeft gezien dat er twee personen waren op dat moment, je hebt het verschil in postuur tussen de verdachte vrouw en de overleden man en je hebt het forse letsel dat aan meneer is toegebracht."
It motyf fan beiden soe lizze yn haat, seit Hoekman. "Het motief van mevrouw lijkt te liggen in de turbulente relatie, het geweld dat daarin ook is gepleegd, en mogelijk ook geldelijk gewin. De oom was op de hoogte van het geweld in de relatie en dat het slachtoffer zou hebben geslagen, daarin ligt het motief voor hem."
Neffens Hoekman is de eask fan tweintich jier selstraf swier, mar op syn plak. "Het verdriet is enorm, dat hebben we in de zitting ook gemerkt. Dat moet uiteraard vergolden worden, en een daad waarbij iemand het leven moet laten, daar past alleen een hele forse straf bij."
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust

Heger berop

Van Seggeren waard yn july 2017 dea oantroffen by De Westereen. Syn widdo is ferline jier feroardiele ta tweintich jier sel foar de moard op har man, mar gong yn heger berop.
De famylje fan Van Seggeren woe in skeafergoeding en in hegere straf foar de fertochte, fanwegen de 'gruwelijkheid' en it feit dat se trije jonge bern har heit ûntnaam ha soe.
Letter tiisdei komt advokaat Brian de Pree fan de fertochte oan it wurd.
Folgje it twitterferslach fan Auke Zeldenrust
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust sit yn de rjochtsseal en hâldt fia Twitter elkenien op 'e hichte.