PODCAST: 'It firus en ik' mei it ferhaal fan Auke Swart

De tredde edysje fan de Verhalenavond dy't foar it earst opset is yn it Kulturele Haadstêdjier, kin dit jier fanwegen it coronafirus net trochgean. It tema fan de ferhalejûn dit jier soe 'It firus' wêze. Yn stee dêrfan bringt Omrop Fryslân dizze wike de podcastrige 'It firus en ik'. Fiif dagen lang binne der persoanlike ferhalen te lêzen oer de gefolgen fan it coronafirus op soarchmeiwurkers of minsken dy't soarch krije. Yn it earste diel fertelt Auke Swart fan Seisbierrum oer it ferlies fan syn frou yn de begjindagen fan de pandemy.
It ferhaal fan Auke giet oer syn frou, Wike Swart, syn grutte leafde dêr't er 55 jier mei wêze mocht. Op 16 april dit jier ferstoar sy in selskeazen dea. It ferhaal dat hy fertelt is in oade oan Wike, want troch it coronafirus hawwe in hiel soad minsken net goed ôfskied fan har nimme kinnen. Dat hat him noch it meast rekke: dat safolle minsken Wike net mear efkes by de hân nimme koene, om't se dat yn de begjin fan dy earste coronaweach net doarden.

Lang libje de boereleafde

'Jo eigen tiid en libbensein kieze waard tige weardefol yn coronatiid'. Sa hjit it ferhaal dat Auke oars no freed ek live ferteld hawwe soe. In ferhaal dat begjint mei de filmpremjêre fan de film fan Steven de Jong, Leve boerenliefde. De opnamen wiene by Auke en Wike op 'e pleats.
De akteurs wiene mâl mei Wike, dy't altyd klear stie mei in bakje kofje en in praatsje. Se krige in grut bosk blommen fan Waldermar Torenstra, ien fan de haadrolspilers mei dy premjêre. "Je hebt het gered", sei de akteur. Hy doelde op de kanker dy't doe aI yn it liif fan Wike omwrotte.
Foar my wie it alderslimste dat se nei de tiid net mei koene, de hûs yn.
Auke Swart oer de útfeart fan syn frou Wike
De kanker kaam werom, folge troch ûndersiken yn it sikehûs. It telefoantsje fan 26 maart sil Auke nea ferjitte. It kaam moarns, ûnder it kofjedrinken. It wie gjin goed nijs. Stilte. It duorre net lang en Wike sei dat sy net mear behannele wurde woe. "Wy hawwe 10 minuten jankt." En doe moast der fan alles regele wurde. Wike grapke altyd dat sy Auke oerlibje woe, want hoe moast it oars mei him? "Sy soe my no ris sjen moatte", seit er nei ôfrin fan de opnamen. "Ik rêd mysels prima mei iten, ik fyn it suver noch wol leuk ek, iten meitsje."

De iPad by de útfeart

Op de dei fan de útfeart op 20 april stie der in hage fan minsken by de rûte del. Auke wit it earlik sein net mear sa goed. Wat er noch wol goed wit, is dat de 30 minsken dy't by de tsjerketsjinst wêze mochten nei ôfrin net mei koene foar in bakje kofje. "Foar my wie dat it alderslimste, dat se net mei koene, de hûs yn."
Auke en Wike wenje hast foar de tsjerke oer. Sa nuver fûn er dat. Dochter Hanneke, dy't by de opnamen sit, follet oan: "Mem har âldste broer wennet yn Noarwegen. Dy koe der net iens by wêze." Hanneke sette de iPad yn 'e tsjerkebank en sa koe broer Hans dochs meisjen. Ek hawwe sy mei de iPad it rûntsje om 'e tsjerke dien. It wie krekt yn it begjin fan de lockdown, dus de tsjerke koe noch net in liveferbining fasilitearje.

Laitsje tusken de triennen troch

Hy is bliid as er it hiele ferhaal dien hat yn de podcaststudio. "Ik wit net iens wat dat is, in podcast", seit er. Hy hopet dat er op dizze wize dochs noch syn ferhaal kwyt kin. Dat wie ek de reden om mei te dwaan oan de ferhalejûn. Fertelle oer syn prachtich moaie frou. "Ik ha har net foar neat útsocht", laket er tusken de triennen troch. Hy hat no mear emoasjes as doe. It is ek yn hast in waas foarby gien. Hoe't it no mei him giet? Hy docht syn bêst. De tiid giet wol fierder. Mar it slyt net.
Wike Swart © omropfryslan
De Verhalenavond waard foar it earst holden yn 2018, foarôfgeand oan de iepening fan it Kulturele Haadstêdjier. Dit jier soe de tredde edysje wêze, mei as tema 'it firus'. Fanwege de coronakrisis giet it net troch.
De essinsje fan de jûn wie inoar moetsje en live ferhalen fertelle, en dêrom bringt Omrop Fryslân dizze wike de podcastrige 'It firus en ik'. Fiif dagen lang is der eltse dei in persoanlik ferhaal te hearren oer de gefolgen fan it coronafirus op soarchmeiwurkers of minsken dy't soarch krije.
Tiisdei komt it ferhaal 'Het echtpaar' fan longdokter Wouter van Geffen. Alle fiif ferhalen kinne beharke wurde op omropfryslan.nl/podcast en de bekende podcastkanalen.