PvdA wol miljarden foar Lelyline en feangreidegebiet feroarje yn nasjonaal park
De PvdA wol 5 miljard euro útlûke foar de Lelyline. Ek fynt de partij dat it feangreidegebiet in bestimming krije moat as nasjonaal park. Dat sei PvdA-listlûker Lodewijk Asscher snein yn in ynterview mei Omrop Fryslân oer it nije partijprogramma.

Asscher leit yn it ynterview de klam op de oandacht foar de oarspronklike achterban fan de partij. Dêrby heart ek de regio en de stimulearring dêrfan. De Lelyline kin dêrby helpe, neffens him.
It jild hjirfoar wol hy helje út it Wopke-Wiebes-fûns, it ynvestearringsfûns fan minister fan Finânsjes Wopke Hoekstra en minister fan Ekonomyske Saken Eric Wiebes. Dêr sit 50 miljard yn.

In opfallend beliedsplan is it feroarjen fan it feangreidegebiet yn in nasjonaal park. Asscher seit dat dit gebiet de yntinsive wize fan buorkjen dy't der no noch faak is net ferdrage kin.
Dat betsjut net dat de boeren ferdwine moatte út it gebiet, mar sy moatte wol oergean op in ekstinsivere en natuerfreonlikere wize fan buorkjen, wêrby't se in fatsoenlike priis foar harren produkten krije. De transysje nei sa'n wize fan wurkjen sil tiid nimme, seit Asscher. Mar as we no net begjinne, is it aansens te let.
Waadgebiet
De PvdA rjochtet fierder de oandacht op it behâld en de beskerming fan it Waadgebiet, dêr't gjin romte mear is foar gas- en sâltwinning, mar wol foar toerisme.
Ek wol de partij de farrûtes boppe de Waadeilannen oanpasse sadat in ûngelok as mei frachtskip MSC Zoe, dat mear sa 300 konteners ferlern op see, folle minder maklik barre kin.
Beharkje hjir it folsleine petear mei Lodewijk Asscher