Liveblog | 31 oktober 2020

Coronanijs sneon 31 oktober: 130 nije besmettingen yn Fryslân

Yn dit liveblog melde we it lêste coronanijs út Fryslân.
Bywurke: 31 oktober 2020, 22:03
22:01

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan sneon 31 oktober. Moarn is der wer in liveblog oer it coronafirus.
De wichtige punten fan it coronanijs:
21:53

Premier Rutte: spanningen nimme ta

Premier Mark Rutte hat sneontejûn op in lêzing oanjûn dat hy tinkt dat de spanningen by de minsken tanimme. "We kunnen er niet omheen: het coronavirus trekt een ongelooflijk zware wissel op onze samenleving. Op iedereen die door corona een geliefde moet missen. Op mensen die er nu heel ziek van zijn, of die worstelen met de lichamelijke en mentale nasleep van het virus. Op jongeren én ouderen die vanwege alle sociale beperkingen te maken krijgen met spanningen achter de voordeur, met eenzaamheid en depressieve gevoelens. Of op al die ondernemers van wie het bedrijf op omvallen staat en op de mensen die dreigen hun baan te verliezen."
Dochs wol hy ek de oare kant sjen: de inisjativen dy't opset wurde foar âlderein of de frijwilligers dy't oare minsken help biede.
16:49

Offaltips fan gemeente Smellingerlân

Gemeente Smellingerlân ropt op in ôffal dat mei it coronafirus te krijen hat, lykas mûlkapkes of moffen, op de goeie wize fuort te smiten.
© Gemeente Smallingerland
16:40

Museum Belvédère krijt coronastipe

Museum Belvédère is yn oanmerking kaam foar de 'Compensatieregeling Coronacrisis' fan it Mondriaan Fonds foar middelgrutte musea. Dêrmei komt it fûns it museum yn 'e mjitte om't sy in soad ynkomsten misrinne. Ek krijt it museum stipe fan it Kickstart Cultuurfonds wêrmei't der oanpassingen trochfierd wurde kinne dy't nedich binne foar it coronabelied. "In deze uitdagende tijden voor musea is er gelukkig ook goed nieuws te melden!", skriuwt it museum.
Museum Belvédère yn Oranjewâld © Omrop Fryslân, Sian Wierda
14:56

Gemeente Skylge grypt yn by Berenloop: gjin fergunning foar fysyk ynskriuwen en huldigjen

De ynskriuwingen foar de Berenloop op Skylge binne skrast. De boargemaster fan Skylge hat besletten om de fysike ynskriuwingen fuortendaalks stil te lizzen. De organisaasje wol fanwegen corona in 'virtuele loop' hâlde. Mar neffens de gemeente giet de organisaasje de grins fan in evenemint te bûten troch de ynskriuwingen en it jaan fan medaljes. Dêr hat de organisaasje gjin fergunning foar en neffens de gemeente is dat 'niet de bedoeling' yn dizze coronatiid.
"Kom dus niet naar de VVV om deze op te halen, want het mag niet meer. Zo simpel is het. Wij zullen de goodiebag en de medaille zo snel mogelijk naar iedereen die hier recht op heeft via de post versturen. Het spijt ons enorm, maar we hopen op jullie begrip. En maak je geen zorgen, de medaille krijg je sowieso!", sa lit de organisaasje witte.
14:25

RIVM: 9.839 positive coronatests

By it RIVM binne oant 10.00 oere sneontemoarn lanlik 9.839 nije befêstige coronabesmettings meld. Dat binne der 1.288 mear as freed. Doe wiene it der 11.127 fanwegen in ynhelslach fan de sifers troch in steuring yn it meldingsysteem fan de GGD'en.
Der binne 314 nije coronapasjinten opnaam op de ferpleechôfdielings yn it sikehûs, meldt it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS). Dat binne 64 nije opnames mear as freed. Op de IC's waarden 76 nije pasjinten opnaam, hast allegear trochstreamd fan de ferpleechôfdielings. Dat binne 39 mear as freed.
Yn totaal lizze der no 2.448 minsken mei corona yn it sikehûs (juster 2.385), fan wa 584 op de IC (juster 567). Der binne dus mear coronapasjinten opnaam as ûntslein.
By it RIVM binne 51 ferstoarne coronapasjinten meld. Freed waarden der noch 87 deaden meld. De ôfrûne sân dagen registrearre it RIVM gemiddeld 54 deaden deis, tsjin 40 deaden deis in wike earder.
12:02

Personielslid Linde College besmet

It Linde College yn Wolvegea meldt foar de twadde kear dat in personielslid posityf test is op corona. "Deze collega heeft afgelopen maandag en dinsdag les gegeven maar verblijft sindsdien in thuisquarantaine", seit de skoalle. Der is neffens de skoalle op dit stuit gjin oanlieding foar oanfoljende maatregels foar learlingen en meiwurkers.
Earder rekken fjouwer learlingen besmet. "Op dit moment wijst bron en contactonderzoek uit dat er nauwelijks relatie is tussen de besmettingen op school", seit de skoalle. De besmettings soene benammen yn de priveesfear ûntstean. "Desalniettemin ervaren wij op school dagelijks hinder van het toenemende aantal besmettingen en voorzorgsmeldingen. Dagelijks blijven er leerlingen en personeelsleden uit voorzorg thuis in afwachting van een testuitslag."
© Google Street View
Neist de bekende hygiënemaatregels is de wichtichste maatregel dat learlingen oardel meter ôfstân bewarje ta meiwurkers fan de skoalle. Yn de praktyk blykt dat lestich: "Juist omdat leerlingen onderling géén afstand hoeven te bewaren, is dit iets wat vaak vergeten wordt. We attenderen leerlingen er voortdurend op; in de lessen en in de gangen met banners en stickers."
Dat it kabinet it dragen fan in mûlkapke ferplichtsje wol, liket op dit stuit neffens de skoallieding net in soad ynfloed te hawwen op it gedrach fan de learlingen. "We merken dat veel leerlingen wel mondkapjes bij zich hebben, maar deze om uiteenlopende redenen niet dragen. Tegelijkertijd zien we ook veel leerlingen die wel trouw een mondkapje dragen. We moeten er samen alles aan doen om het onderwijs op school door te laten gaan."