Drachtster Wrottersploech sutelet pompoenen út foar Halloween-feest

Miskien hiene je der noch hielendal net by stilstien, mar it is dit wykein Halloween. It fan oarsprong Amerikaanske feest is al in tal jierren yn opkomst yn Nederlân. Mar dit jier kinne in soad aktiviteiten troch corona net trochgean. Guon fan dy aktiviteiten binne al mear as in heal jier yn tarieding. Bygelyks dy fan de folkstúnferiening De Wrottersploech yn Drachten.
Drachtster Wrottersploech sutelet pompoenen ut foar Halloween-feest
As je it terrein fan de folkstúnferiening De Wrottersploech opride, sjogge je fuort de pompoenen al stean. De klassike rûne frucht, mei syn karakteristike oranje kleur. Al fyftjin jier organisearje se op it folkstúnkompleks in spesjaal Halloween-feest foar bern. Dy kinne dan yn de kantine in pompoen útholje, om der dan dêrnei in gesicht yn te snijen. Sa kin de frucht brûkt wurde as lantearne.
Mar dit jier kin it feest net trochgean, mei mear as 50 bern en âlden wie it gewoan te drok. In grutte teloarstelling foar De Wrottersploech, sa seit Jan Akkerman, want it is foar harren in grut hichtepunt. De bern komme yn oanrekking mei it sels kweken fan griente, en se leare mei de hannen wurkje. De túnkers hawwe letterlik eare fan harren wurk.
© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Om't de pompoenen fan 2020 yn it foarjier al plante binne, siet de feriening no yn oktober ynienen mei tsientallen fruchten dêr't neat mei barre soe. Dêrom hawwe se de pompoenen útdield oan leden. Freed en sneon kinne ek net-leden de lêste pompoenen ôfhelje. Sa kin elk dochs noch in bytsje Halloween fiere sneon.

Jong talint

De feriening hat dan miskien dit wykein bot lêst fan de coronakrisis, oer it algemien hawwe se yn Drachten ek in positive ûntwikkeling sjoen dit jier. Der binne nammentlik safolle minsken bykaam op it folkstúnkompleks, dat elk stikje tún beset is. It giet sels safier dat der in wachtlist is, en dat is al yn gjin jierren mear foarkaam. Wat miskien noch wol belangriker is, seit Henk Wilms fan De Wrottersploech, is dat de nije oanwaaks de nedige ferjonging meibringt.
Sa is der ynienen wer in moaie takomst foar de feriening, en kinne de bern hooplik yn de takomst ek wer pompoensnije op it Halloween-feest.