Kantoaren yn Ljouwert massaal ferboud om yn te wenjen
Ljouwert ferbout in soad kantoaren om nei apparteminten. De Fryske haadstêd stiet fjirde op de list fan de Nederlandske stêden dy't dat it measte dogge. Dat blykt út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. Allinnich yn de trije grutte stêden Amsterdam, Rotterdam en Den Haag binne mear kantoaren dy't in wenbestimming krije.
Ljouwert ferbout soad kantoaren om nei apparteminten
It bekendste gebou dat de ôfrûne jierren in wenbestemming krige, is miskien wol it kantoar fan fersekerder Aegon flak tsjinoer it stasjon fan Ljouwert. Dêr sitte 500 apparteminten yn foar studinten en oare ienpersoanshúshâldens.
Yn it hegere diel fan de merk wurde ek kantoaren omboud ta apparteminten. Bygelyks by Amicitia op de kop fan de Wirdumerdyk en it Roemergebou dêr't earder it UWV yn siet.
"Amicitia wie ien fan de lilkste gebouwen yn'e stêd. Mar nei de ferbouwing sjocht it der prachtich út, mei twa lagen winkels, in parkeardek en 12 lúkse apparteminten", seit Hendrik Fokkema fan Makelaardij Hoekstra.
Foardiel foar de stêd
De gemeente is bliid mei de ferbouwing fan dizze holle kiezzen yn 'e binnenstêd dy't de leefberens fan de stêd fergruttet, seit wethâlder Hein de Haan: "We sitte mei in dûbele opjefte yn Ljouwert mei minsken dy't oars wurkje troch de digitalisearring en bedriuwen dy't minder romte nedich ha. En tagelyk hawwe we 7000 wennings nedich. As we dat kombinearje kinne slagge we twa miggen yn ien klap. En dat is hiel goed foar de stêd."
Fokkema en De Haan konstatearje dat wenje yn dizze gebouwen ek tige oantreklik is. De ferboude gebouwen steane allegearre flak by of yn it sintrum. En dat is goed foar studinten, mar ek foar oare groepen bewenners . Hoewol't de gemeente posityf nei de transformaasje fan kantoar nei wennings sjocht, wurdt wol goed yn 'e gaten hâlden oft de plannen by de stêd passe. Net alles kin in wenning wurde.
Trend
Fokkema ferwachtet dat de trend om kantoargebouwen om te setten yn wennings noch wol even oanhâldt, seker sa lang't de rinte sa leech bliuwt. "It hinget fansels wol fan de lokaasjes ôf. Dy moatte der wol wêze. Mar fierder giet dit noch wol even troch."
De Haan tinkt ek dat der op dit mêd noch wol it nedige barre sil. "We sjogge bygelyks nei it KPN gebou dat leech stiet foar eventueel in hotel en wenjen. En ek it âlde gebou fan fersekerder De Friesland is hiel oantreklik foar wenjen."