HEA! Freestyler Finn Eekkerk skoart hege eagen

Finn Eekkerk fan Sint-Anne docht oan freestyle fuotbal. Hy hat alderhande yngewikkelde trúks mei de bal leard. En dat docht hy hiel goed: koartlyn waard er fjirde op it nasjonaal kampioenskip. Finn is de iennichste yn Fryslân dy't op dit hege nivo freestylet. Hy docht op dit stuit de oplieding ferpleechkunde, mar hy tinkt der ek oer om syn jild op social media mei freestyle -fuotbal te fertsjinjen.
HEA! Freestyler Finn