Amateursport langer op slot; Harkemase Boys hat noed oer beker

Gjin wedstriden, gjin trainingen: de amateursport sit al wikenlang op slot. Net allinnich finansjeel is it foar in soad ferieningen lestich om de holle boppe wetter te hâlden, ek sportyf sjoen rinne se tsjin hieltyd mear problemen oan. En dêr komt foarearst ek gjin feroaring yn. By de parsekonferinsje sei premier Mark Rutte dat alle coronamaatregelen foarearst ferlinge wurde.
Amateurklups Corona
By treddedifyzjonist Harkemase Boys hoopje se dat yn desimber de bal wer rôlje kin, mar dan is it hast winterstop. As de fuotbalkompetysje dan noch útspile wurde moat, komt it del op in hiel soad ynhelwedstriden. Boppedat hat Harkemase Boys fanwege in tal coronagefallen yn 'e seleksje noch mar trije kompetysjewedstriden spile.
Foarsitter fan Harkemase Boys Sippe Heeringa: "Ast yn desimber wer fuotbalje kinst dan leist fiif, seis wedstriden achter. Dat soest noch wol ynhelje kinne ast de moanne juny en alle feestdagen meinimst. Mar ast aansten elke wike foar in útwedstriid nei Hoek of Goes ta moatst, dat is foar de jonges net te dwaan. Dan hat in heale kompetysje ús foarkar."
Wy rekkenje der net op dat de bekerwedstriid noch trochgiet.
Sippe Heeringa

Doemsenario

Foar Harkemase Boys driget der boppedat noch in inketswart senario. De klup sit as iennichste Fryske feriening noch yn it lanlike bekertoernoai. Op 2 desimber stiet it duel tsjin Kozakken Boys op it programma. As it kabinet de coronamaatregelen ferlinget en der begjin desimber net fuotballe wurde kin, dan wurde de 26 amateurklups útsletten fan fierdere dielname en is it bekertoernoai foar harren foarby. Los fan it sportive aspekt, kostet dat Harkemase Boys in soad jild.
Heeringa: "It soe hiel spektakulêr wêze as wy yn desimber toch dy bekerwedstriid spylje. Dêr rekkenje wy eins net mear op. De beker is fansels hiel ynteressant foar de finânsjes. Hoe fierder ast komst, hoe heger de fergoeding en hoe grutter de kâns datst in moaie tsjinstanner lottest. Yn 'e earste ronde krijst in fêste fergoeding fan 10.000 euro, by de folgjende ronde is dat al 20.000 euro."
It fuotbalûn KNVB hat witte litten dat as alle amateurklups út it bekertoernoai helle wurde dat sy in finansjele fergoeding krije.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort