Fryslân hanthavenet stranger, seit Buma: "Niet langer alleen waarschuwingen"

Ek no't it tal Fryske coronabesmettingen lytser liket te wurden, kinne de maatregels yn Fryslân net ferromme wurde. Dat seit Sybrand Buma, de boargemaster fan Ljouwert en foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân.
© Omrop Fryslân
Premier Rutte tinkt dat der takom wike tiisdei opnij in parsekonferinsje komt. Mar as der dizze wike folle mear besmettings by komme, dan soene der earder ekstra maatregels komme kinne. Twa wiken ferline kundige it kabinet foar in part in lockdown ôf foar fjouwer wiken. Dat betsjut ûnder mear de sluting fan de hoareka, gjin alkohol mear op strjitte nei 20.00 oere en ek in beheining fan it tal minsken yn binnenromten. Tiisdei sei De Jonge dat dizze maatregels wierskynlik oant desimber jilde.

Gjin folsleine lockdown

Neffens Sybrand Buma is dat berjocht fan in ferlinging fan de maatregels nei alle gedachten in skrik foar minsken. Der sit neffens him lykwols ek in positive boadskip yn: "Er is niet sprake van overgaan naar een algehele lockdown, waarvan eerst wel sprake was. Maar het is duidelijk dat de crisis op dit moment heel ernstig is, en dat de maatregelen langer duren dan dat we aanvankelijk hoopten", sa seit de foarsitter fan de Veiligheidregio Fryslân.
Hou je aan de regels, en wacht niet tot er gehandhaafd wordt.
Sybrand Buma, foarsitter fan de Veiligheidregio Fryslân
Tiisdei waard sein dat de foarsitters fan de feilichheidsregio's mei-inoar ôfpraat ha dat der stranger hanthavene wurdt. Neffens Buma betsjut dit yn de praktyk yn Fryslân dat benamen better nei groepen en yllegale feesten sjoen wurdt. Ek bliuwt it net allinne by advizen en warskôgings, mar wurde der faker boetes jûn. "Maar laat ik vooropstellen dat overal geldt dat je je aan de regels moet houden en niet wacht op handhaving", seit er.

Gjin Hilversum

Ferline wykein wie der in yllegaal feest fan mear as 300 minsken yn Hilversum, mar Buma hat net it idee dat yn Fryslân de regels op deselde skaal brutsen wurde. "Maar ik maak me geen illusies, er zijn zeker plekken waar mensen illegaal bij elkaar komen", fertelt er. "Waar wij meldingen krijgen, wordt ook gehandhaafd."
Als we ons in december niet beperken, zitten we er in februari weer middenin.
Sybrand Buma, foarsitter fan de Veiligheidregio Fryslân
Op de fraach oft de maatregels nei desimber wer ferromme wurde kinne, hie Buma gjin rjocht antwurd. "Ik vind het heel moeilijk om dat te zeggen. We weten inmiddels dat - als het versoepelt - het dan ook zomaar een derde golf kan worden." It feit dat der noch gjin faksin is en dat it firus wiidferspraat is, fynt de CDA'er reden genôch om gjin útspraken oer de takomst te dwaan. Wy witte, sa seit er, ommers net hoe't wy der yn desimber foar steane. "Dit gaat lang duren, dit is ernstig, de crisis is nog niet voorbij. Ook deze decembermaand moeten we onszelf beperken. Als we dat niet doen, zitten we er in februari weer middenin."

Oars as oars

It is noch mar de fraach oft we de feestdagen op in 'gewoane' manier fiere kinne, seit Buma. "De vraag hoe we Kerst doen is op dit moment niet te voorspellen. Zolang er niet een werkend vaccin is, zullen er altijd beperkingen zijn. Er komt een moment dat dat vaccin er is en dat we ons leven weer kunnen oppakken. Maar het duurt lang, en we zitten er middenin."

Gjin yllúzjes ha

Neffens him kinne, ek no't de Fryske coronasifers better lykje te wurden, de maatregels yn Fryslân noch net ferromme wurde. "Op dit moment zitten we er in Friesland ook middenin. De ziekenhuizen zijn ook bij ons vol, ook bij ons wordt de GGD tot het maximale opgerekt. We moeten geen illusies hebben dat we het hier heel makkelijk hebben, het is hier ook heel heftig. We zitten in een situatie waar het hele land het ernstig heeft. Hoe beter we ons aan de regels houden, hoe eerder we eruit zijn. Alles wat we in de toekomst kunnen doen, hangt ervan af hoe we ons nu aan de regels houden", sa seit de boargemaster fan Ljouwert.
Der wurdt ek yn Fryslân stranger hanthavene, seit Buma