Cambuur bekeret mei oanpast basisalvetal tsjin RKC: "Wy fine it hartstikke belangryk"

Cambuur spilet woansdei de bekerwedstriid tsjin earedifyzjonist RKC Waalwijk. Troch ûnder oaren blessueren sille de Ljouwerters dat dwaan mei in tal oare spilers as dy't ferline wiken yn de basis stiene.
Trainer Henk de Jong
Robert Mühren sil net spylje. Hy wurdt út foarsoarch bûten de seleksje litten. Ek Erik Schouten spilet net, hy rekke yn de wedstriid fan freed tsjin Roda JC blessearre en foel út. Foar Issa Kallon komt de wedstriid tsjin RKC noch te betiid en ek Ragnar Oratmangoen kin noch net spylje.
Trainer Henk de Jong woe fierder net yngean op nammen dy't wol spylje, al wie hy dúdlik oer de spitseposysje: "Dêr spilet Maarten Pouwels. Dy ûntwikkelet him goed. En Mitchell Paulissen is skorst foar de earstkommende kompetysjewedstriid, moandei út tsjin Jong PSV, dus dy spilet woansdei ek. Ik sjoch it sa: Wy hawwe in seleksje. In brede seleksje en dêrút kin ik ferskate spilers kieze foar de basis."

Beker is 'hartstikke belangryk'

Dat Cambuur mei in folslein oar alvetal binnen de linen ferskine sil, wol neffens De Jong net sizze dat hy it bekertoernoai net serieus nimt. "Wy fine it hartstikke belangryk", sa spruts er tiisdei nei de training. "Mar elkenien docht mei. Wy nimme ek in tal jonge spilers mei. Dy dogge it goed en dy kinne der no oan rûke."
RKC wie yn it lêste, ôfbrutsen seizoen, dé ploech om te degradearjen. Cambuur wie hast wis fan promoasje. Mar RKC spilet dit jier wol wer op it heechste nivo en Cambuur net. Spilet dat noch mei, sa wie de fraach oan Henk de |ong. "Absolút net. Dat hat west. Dat is klear. RKC hat in goeie ploech en Fred Grim docht it goed."
Maarten Pouwels
It plak yn de spits wurdt woansdei dus ynnaam troch Maarten Pouwels. Hy kaam dizze simmer oer fan Go Ahead Eagles. De 22-jierrige lange spits sjocht út nei syn earste basisplak. "Ja, dat is mooi. Ik heb er zin in."
Pouwels begrypt dat hy mei in spits as Mühren foar him, der net direkt in basisplak yn sit. "Hij schopt ze er wel in, wat moet ik er dan van zeggen". Ek Pouwels nimt it bekertreffen mei RKC serieus. "Ja, natuurlijk. Ik wil altijd winnen."