Samen Terschelling: Binne nije skippen Doeksen wol feilich?

De partij Samen Terschelling makket him soargen oer de feiligens fan de nije skippen fan Doeksen dy't op gas farre. Dat kin gefaarlike situaasjes opsmite. De partij wol witte oft de gemeente op de hichte is fan de risiko's.
© Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Doeksen hat noch net sa lang ferlyn in nije katamaran yn gebrûk naam en der komt noch sa'n skip by. De katamarans farre op de gassoart LNG (liquefied naturel gas), ek wol floeiber ierdgas neamd.

Gefaarlike situaasjes

Dat kin gefaarlike situaasjes opsmite as der brân útbrekt yn elektryske auto's tusken de oare auto's op it autodek. Brân yn elektryske auto's kin inkeld útmakke wurde troch ûnderdompeling, skriuwt de partij.
Der binne gjin ekstra feiligensfoarskriften foar de nije oerfarders yn de boukonsesje opnaam en dat soe wol moatte, neffens de partij. Elektro-auto's soene yn in apart kompartimint stean moatte. Mar, sa hat de partij heard, by de ôfbou fan de nije LNG-skippen binne foarstelde feiligensmaatregels foar as der brân yn in elektryske auto oan board ûntstiet, skrast om jild te besparjen.

Help fan fêste wâl is dreech

In brân mei LNG-gas bestride stelt hege easken oan de brânwacht yn de haven fan West op Skylge, warskôget de partij ek noch. Dan sil der in situaasje ûntstean dy't net ûnder kontrôle te hâlden is. En help fan de fêste wâl komme litte sil dreech of ûnmooglik wêze.