Liveblog | 27 oktober 2020

Coronanijs fan 27 oktober: 'Maatregels sille duorje oant yn desimber' | Utbraak yn soarchsintrum

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân te folgjen.
Bywurke: 27 oktober 2020, 22:57
tiisdei 27 oktober 2020
23:00

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan tiisdei 27 oktober. We sette noch ien kear it belangrykste nijs op in rychje:
Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
21:18

Hoareka moedeleas: skulden steapelje harren op

De hoareka wurdt moedeleas fan de boadskip fan minister De Jonge dat de hjoeddeiske coronamaatregels yn elk gefal noch oant desimber fan krêft bliuwe. "Voor veel ondernemers is dat een zware dobber. Het eigen vermogen is vaak voor een groot deel op en de schulden stapelen zich op", seit Robér Willemsen fan Koninklijke Horeca Nederland.
19:48

Ferslachjouwer Andries Bakker oer it parsemomint

19:13

De Jong: maatregels sille duorje oant yn desimber

De hjoeddeiske maatregels tsjin it coronafirus sille nei alle gedachten noch wol oant desimber fan krêft bliuwe. Dat sei minister De Jonge op it parsemomint.
19:06

Rutte: te betiid foar konklúzje, tiisdei nije parsekonferinsje

It is neffens premier Rutte noch te betiid foar nije maatregels. "Het is net te vroeg om nu al conclusies te trekken over het effect van de gedeeltelijke lockdown. Het is nu dus nog te vroeg om op de rem te trappen", sei Rutte op it parsemomint.
It kabinet jout nije wike tiisdei opnij in parsekonferinsje.
17:20

Noch nea sa'n soad corona yn it rioel

De twadde golf fan it coronafirus is ek yn de rioelen goed werom te sjen. Noch nea waarden der sa'n soad firusdieltsjes yn it rioel metten as ôfrûne wike, docht bliken út de gegevens dy't it RIVM byhâldt op it coronadashboard.
Ferline wike, tusken moandei 19 en snein 15 oktober, sieten der gemiddeld 1.825,28 dieltsjes fan het coronafirus yn in mililiter rioelwetter. In wike earder wiene dat der krekt wat mear as 1.300 en de wike dêrfoar 850. Ein maart en begjin april, op it hichtepunt fan de earste golf, fûn it RIVM 1430,85 firusdieltsjes de mililiter.
De grutste konsintraasjes coronadieltsjes binne yn de regio's Gooi en Vechtstreek, Utrecht, Midden- en West-Brabân, Brabân-Noard, Zaanstreek-Waterland, Haaglanden, Amsterdam-Amstelland en Hollands Midden metten. Dit binne ek gebieten wêr't in soad coronabesmettingen fêststeld wurde.
16:53

Fergeze mûlkapkes yn Smellingerlân

Fan woansdei ôf kinne minsken yn de gemeente Smellingerlân mei in hiel leech ynkommen maksimaal twa fergeze mûlkapkes ophelje by Bredeschool de Wiken en de Drait, Trefpunt @Holdert en de biblioteek yn Drachten.
16:28

Mear as 40.000 soarchmeiwurkers mei corona

Sûnt it begjin fan de útbraak yn Nederlân is it coronafirus fêststeld by 40.896 minsken dy't yn de soarch wurkje, meldt it RIVM. Ferline wike stie de teller op 34.376. Dat betsjut dat it tal besmettingen ûnder soarchmeiwurkers mei 6.520 omheech gien. It giet net allinnich om minsken dy't yn sikehuzen wurkje, mar ek om bygelyks thússoargers en ferplegers. It is net bekend wêr't se besmet rekke binne.
In wike earder gie it tal posityf teste soarchmeiwurkers mei 5.087 omheech, fan 29.289 nei 34.376.
Yn de ôfrûne acht moannen waarden 602 soarchmeiwurkers yn in sikehûs opnommen, in stiging fan fjirtjin yn fergeliking mei ferline wike. It tal stoarne soarchmeiwurkers bleau stean op fjirtjin. De jongste wie 35 jier âld, de âldste 69 jier.
15:51

Kabinet makket ôfspraken mei winkels oer hanthavening

It kabinet hat mei winkellju ôfspraken makke oer de wize wêrop't de coronaregels hanthavene wurde yn winkels. De winkellju binne hjir yn earste ynstânsje sels ferantwurdlik foar, of it moat wêze dat it út de hân rint. Hanthaveners of de plysje komme der allinnich oan te pas as dat it gefal is.
"Het is de bedoeling natuurlijk dat de sector zelf de handhaving verzorgt, zelf de rotte appels aanspreekt", seit minister Eric Wiebes. "Maar als dat verschillende keren niet tot een succes heeft geleid, dan moet er een publieke arm bijkomen. Dan kan je iemand bekeuren, sluiten, noem maar op."
Fan winkellju wurdt frege derfoar te soargen dat der net te folle minsken yn de winkel binne, dat de hygiëneregels neilibbe wurde en der dúdlike rinrûten oanjûn binne, bygelyks mei tapen. Dit moat foarkomme dat der te folle minsken byinoar stean.
15:25

Lanlik 10.315 besmettingen

By it RIVM binne de ôfrûne 24 oeren 10.315 nije besmettingen meld. Dat binne der 31 minder as moandei.
Yn in wike tiid binne der 67.543 nije positive testen by it RIVM meld. In wike earder wiene dat der 55.552. Dat is in stiging fan 22 persint. Ferline wike wie de stiging 27 persint.
14:33

Corona-útbraak yn soarchsintrum Balk

By soarchsintrum Talma Hiem yn Balk binne sechstjin bewenners en sân meiwurkers posityf test op it coronafirus. Dat meldt Zorggroep Hof en Hiem. Twa fan harren binne stoarn oan it firus.
Direkteur-bestjoerder John van Arnhem
14:15

91 nije besmettingen

Der binne yn de ôfrûne 24 oeren 91 nije Fryske coronabesmettingen meld by it RIVM. Dat is it leechste tal sûnt 6 oktober. Moandei wiene it der noch 208, mar dat wie doe in administrative ynhelslach.
Der binne gjin nije sikehûsopnamen of stjergefallen meld yn Fryslân.
Sjoch foar mear sifers op ús dossierpagina.
14:10

Mear coronapasjinten yn sikehûzen

It tal coronapasjinten yn Nederlânske sikehûzen is yn ien dei mei 109 groeid. It totale tal pasjinten mei corona is no 2358. Fan harren lizze der 529 op de intensive care, dat binne der 25 mear as moandei.
14:02

Coronawet troch Earste Keamer

De coronawet fan it kabinet is no ek troch de Earste Keamer. Trije wiken lyn gong de Twadde Keamer al akkoart mei it wetsfoarstel. Minister De Jonge wol dat de nije wet op syn lêst 1 oktober yn wurking giet, mar "zoveel eerder als mogelijk is en liefst wat eerder".
Doel fan de wet is dat der in bettere juridyske basis komt foar de coronamaatregels. In soad fan dy maatregels wurde no regele mei needferoarderingen fan de feilichheidsregio's.
13:46

Koade oranje foar Dútske stêden

It tal coronabesmettingen yn tsien Dútske stêden is sa hurd oprûn, dat it ministearje fan Bûtenlânske Saken oanriedt om dêr allinnich hinne te gean as it echt net oars kin. Fan woansdei ôf jildt koade oranje foar Berlijn, Keulen, Düsseldorf, Aken, Essen, Bremen, Frankfurt, Stuttgart, München en Mannheim.
13:42

Heal miljard derby foar stipe oan bedriuwen

It kabinet lûkt yn totaal in heal miljard euro út foar stipe oan bedriuwen dy't troffen binne troch de coronakrisis. Der komme nije regelingen by, benammen foar de hoareka en foar de evenemintebrânsj.
Foar yt- en drinkgelegenheiden komt der 40 miljoen by. Datselde bedrach giet nei teäterprodusinten dy't gjin subsydzje ha.
13:21

Fuotbalbûn KNVB hat soargen oer tanimmend tal besmettingen

Der is net folle te dwaan oan it tanimmend tal coronabesmettingen yn it betelle fuobal. Dêr is it fuotbalbûn KNVB benaud foar. Meardere Nederlânske betellefuotbalklups binne de ôfrûne wiken hurd rekke troch it coronafirus.
Earder tiisdei sprutsen ek al it ynternasjonaal spilersfakbûn FIFPRO en de Nederlânske belangeferiening VVCS harren soargen út oer de situaasje.
13:12

Oprop oan sûne sechstigers: jou grypfaksin oan siken en 70-plussers

Minsken dy't wat ûnder de lea hawwe en 70-plussers krije foarrang by de grypprik. Der binne net genôch grypfaksins om elkenien dy't dat wol, in spuit jaan te kinnen. Fanwege it coronafirus is de fraach folle grutter as it oanbod. Sûne minsken tusken de 60 en 69 wurdt frege gjin grypspuit te heljen. Dat hat steatssekretaris Blokhuis fan Folkssûnens bekend makke.
12:52

Sifers moatte omleech

Om in ferrromming fan de coronamaatregels mooglik te meitsjen, moatte de besmettingssifers omleech. Dat seit Everhard Hofstra fan de GGD Fryslân. Yn Fryslân is it deistige tal besmettings yn trochsneed sa'n 150. Moandei leit dat in stik heger, mar dat kaam trochdat der yn it wykein in steuring wie en der doe minder besmettings trochjûn binne.
12:36

Parsekonferinsje by de Omrop

Premier Mark Rutte en coronaminister Hugo de Jonge jouwe tiisdeitejûn wer in parsekonferinsje oer it coronafirus. Omrop Fryslân stjoert de parsekonferinsje út op radio en online, op Omropfryslan.nl en de Omrop-app.
De ferwachting is dat it kabinet net mei nije maatregels komt, mar wol fertelt hoe't de kommende dagen derút sjogge. It wurdt gjin lange parsekonferinsje: Rutte en De Jonge binne elk in pear minuten oan it wurd. Dêrnei kinne sjoernalisten fragen stelle.
10:47

Testmasine stikken

10:36

Soarchmeiwurkers mei corona dochs oan it wurk

Soarchmeiwurkers dy't posityf test binne op it coronafirus, mar dy't net in soad klachten ha, moatte soms dochs trochwurkje. Dat bart yn België, mar ek yn Nederlân, seit fakbûn FNV Zorg & Welzijn. It giet dan om ferpleechkundigen, dokters en oare soarchmeiwurkers.
Bestjoerder Elise Merlijn op NPO Radio 1: "Ik hoor deze geluiden niet alleen in de ziekenhuizen, maar in de hele zorg, ook bij de wijkverpleging en in verpleeghuizen: mensen die milde klachten hebben en positief getest zijn, wordt toch gevraagd te komen werken. Als je dan weet dat zij aan het werk moeten met de meest kwetsbare patiënten; dat is gewoon te bizar voor woorden."
10:17

'Kwetsber byld oer senioaren is oars'

It byld dat de measte âlderein soarch nedich hat, kwetsber is en iensum is, moat bysteld wurde. Dat fynt senioare-organisaasje KBO-PCOB. De measte senioaren wenje noch selsstannich thús, siede har eigen iten, ride yn in eigen auto, passe op de bernsbern en dogge (frijwilligers)wurk. "De publieke beeldvorming over ouderen is helaas anders", seit Marcel Sturkenboom, direkteur fan KBO-PCOB. "Maar de senior van nu is niet de senior van 50 jaar geleden. Ze zijn nu fitter, vitaler, meer ondernemend en doorgaans best tevreden over het leven dat ze nu leiden."
09:11

Wannear teste litte?

08:39

Soargen oer besmettings yn fuotballerij

It ynternasjonaal spilersfakbûn FIFPRO en de Nederlânske belangeferiening VVCS meitsje har soargen oer it tanimmend tal coronabesmettings yn de fuotballerij. De 'bubbel' dy't klups makke ha, is lang net altyd wetterticht.

Kompetysjeferfalsking?

Yn Nederlân binne oant no ta fiif kompetysjewedstriden útsteld troch ferskate coronabesmettings by in klup. "We zien de aantallen stijgen. Dat is verontrustend", seit foarsitter Evgeniy Levchenko fan de VVCS. "Je kan voetballers wel testen, maar je kan ze niet buiten de maatschappij plaatsen. Hoe je het ook wendt of keert: het systeem is niet waterdicht."
De profkompetysjes stillizze is no net oan de oarder, neffens Levchenko. "Maar als clubs wedstrijden moeten spelen zonder hun belangrijkste spelers, is dat ook een beetje competitievervalsing."
07:23

Klachten by thúswurkers

© ANP
Fan de minsken dy't troch de coronakrisis no thúswurkje, hat 41 prosint faker lêst fan fysike klachten as foarhinne. Dan giet it om lêst fan de skouders, de nekke, de rêch of earms. Dat seit it fakbûn CNV, dat ûndersyk dwaan litten hat ûnder goed 2.600 thúswurkjende leden.
44 prosint fan de thúswurkers hat net in Arbo-ferantwurd wurkplak. 35% wit net oft se in goede hâlding oannimme by it thúswurkjen. Hast 1 op de 10 giet faker nei de fysioterapeut sûnt se thúswurkje.

"Unakseptabel"

"We skrikke fan de útkomsten fan dit ûndersyk", seit de Drachtster CNV-foarsitter Piet Fortuin. "It betsjut dat hûnderttûzenen thúswurkers lêst ha fan fysike klachten. Unakseptabel." It bûn wol dat wurkjouwers harren thúswurkers in fitpakket oanbiede, mei in online coach dy't se troch de thúswurkperioade helpt.
07:21

Nije lanlike sifers

Mear as 65.000 Nederlanners binne de ôfrûne sân dagen posityf test op it coronafirus. It RIVM komt fan 'e middei mei de presise getallen yn de wyklikse update. Yn de wiken hjirfoar wiene der respektyflik 55,587 nije meldingen, dêrfoar 43.903 en dêr wer foar 27.485. Der wurdt ek hieltyd mear test. It RIVM makket hjoed ek wer bekend wat it persintaazje is fan de minsken dat posityf test.
07:14

Jûn parsemomint Rutte en De Jonge

© ANP
Premier Rutte en coronaminister De Jonge jouwe jûn om 19:00 oere hinne in koart parsemomint oer de coronamaatregels. De ferwachting is dat se gjin nije maatregels oankundigje, omdat se it noch te betiid fine om te sizzen oft de foarige maatregels effekt ha.
07:00

Wolkom yn dit liveblog

Goeiemoarn, en wolkom by dit liveblog fan tiisdei 27 oktober oer it coronafirus yn Fryslân. It wichtichste nijs fan moandei kinst hjir neilêze.