Skippen earder advisearre om net boppe de Waadeilannen te farren

It advys oan kontenerskippen om de farrûte boppe de Waadeilannen net te nimmen, wurdt útwreide. Dat skriuwt minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat oan de Twadde Keamer. No warskôget de Kustwacht by weagen boppe de 5 meter, mar út ûndersyk fan maritym ûndersyksynstitút MARIN docht bliken dat ek justjes minder hege weagen risiko's opsmite kinne foar de lading.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
It nije advys jildt dêrom ek net allinnich foar de hiel grutte kontenerskippen, mar ek foar twa lytsere type skippen; de Panamax en de Feeder, lykas de OOCL Rauma. It ûndersyk is noch net hielendal útiten, mar dochs fynt de minister it wichtich dat de Kustwacht dermei oan de slach giet. Nei alle gedachten jildt it oanpaste advys mei yngong fan heal novimber.
De ûndersiken fan MARIN meitsje diel út fan in grut ferskaat oan ûndersiken en rapporten dy't makke binne nei oanlieding fan de ramp mei de MSC Zoe. Ut it MARIN-ûndersyk docht bliken dat de rûte boppe de Waadeilannen gefaarliker is as de saneamde djipwetterrûte dy't fierder fuort leit.

Wet feroarje kin net

De wet feroarje om skippen echt tsjin te hâlden, is eins net mooglik, lit de minister witte yn antwurd op Keamerfragen fan Stieneke van der Graaf (ChristenUnie).
As der grut gefaar driget foar it miljeu, kin no wol yngrepen wurde, mar de drompel om soks te dwaan, leit behoarlik heech. Dat komt trochdat ôfpraat is dat lannen de skippen fan elkoar oer farrûtes safolle mooglik in frije trochfeart jaan moatte. Van Nieuwenhuizen sjocht der mear yn om soksoarte fan beheinings yn ynternasjonaal ferbân ôf te praten, mar dat kostet wol relatyf in soad tiid.
MARIN die de ferskate ûndersiken nei oanlieding fan de kontenerramp boppe de Waadeilannen, yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019. Doe ferlear de MSC Zoe, ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld, hûnderten konteners. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.
Dit gong der mis mei de MSC Zoe:
MARIN